Stuoltsjelift

stairliftKom er mar gau yn,” seit se; “de keardels binne krekt de doar ùt.

Wer hast it oer?” sis ik. “Moast mar mei komme.

Ik rin achter har de gong yn. “Falt dy ek wat op?” Fol ferwachting sjocht se my oan. “Moast njonken dy sjen.” seit se.

En dan sjoch ik dat se in stuoltsjelift krige hat. Yn tiid komt er noch immen by. “Besiikje it mar.” seit se. En om barren geane wy sitten. “Goed sitten gean, de fuotten rjocht en de feilichheidsriem fêst.” seit se mei klam. En sa gean wy fan ûnderen nei boppen en op en del.

Wy kinne der gjin genoch fan krije. As wy oan de tee sitte seit se;  “Ik bin my oan it yndekken. De minister wol de soarchtehùzen slute. Ik ha gjin bern dy my helpe kinne. De buorren oan ien kant wurkje beide. De oare kant kin ik net iens. Wa moat my dan helpe yn de takomst? Ik ha no in rollater, in stok en in stuoltsjelift. Der leit it net oan.

Hast sto der de gemeente waarm foar krije kinnen?” freegje ik har. Ik tink dan altiid wat soks kostje moat. “Ach, heerkes nè. Se moasten safolle witte!

(“Lit mar,” tink ik; “ik rèd my sels wol.“)

Nò, do hast it goed foarelkoar.” sis ik en gean noch es op en del mei de lift. Ik waan my yn Eastenryk en sjoch op de muorre tsjin oer my prachtiche wite bergen. En op de oerloop stiet de waarme Glûhwein. Ik sjoch it hielendal foar my.

Dochs moat ik mar de trep nimme want dat soe mei my net goed komme.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien