Omtinken

It is moandeitemoarn. Ik bin betiid op wei nei de superwinkel. It is drok. Hja hawwe allegearre it selde tocht, tink ik. Mei in grutte karre fol boadskippen stean ik yn in lange rij. Alle seis kassa`s binne beset dus bliuw ik mar stean. Wêrom sil ik feroarje fan plak?  No ik dochs wachtsje moat [Lês mear »]

Facebookfreon Wa hie dat tocht?

De taksy bringt my thús. Dit kear tref ik in sympatyk frommeske. It klikt fuortendaliks tusken ús. Oer en wer fertelle wy wer `t wy weikomme en berne binne. En as blykt dat wy út it selde doarp komme, binne de ferhalen net fan‘e loft. “Myn âlden wenje der noch.” seit se. “Wa binne dat [Lês mear »]

Folle Lok en Seine Oprjocht miend.

Alle lêzers, harkers en kritikasters wol ik fan herte betankje foar de oandacht dy sy bestege hawwe yn it ôfrûne jier foar Tiden hawweTiden. Ik wit wol; it wie net altiid folslein. It iene stikje hie mear ynhâld dan de oare. Myn memmetaal wie net altiid perfekt, ek wiene der flaters . Mar foar mysels [Lês mear »]

Krystfolders

Protten krystfolders wurde troch de brievebus skowd. It binne net mear fan dy flatsjes papier mar boekwurken wurden. Je soene se yn de boekekast sette as it romans wiene, dan wiene se net te beteljen. De iene is noch moaier as de oare. BN-ers ferhelje wiidweidich oer hun plannen mei de krystdagen. Faaks ha se [Lês mear »]

I love you

Is it jimme wol es opfallen hoe faak de Amerikanen stjin elkoar roppe: “I love you.”?  Te pas en te ûnpas wurd it sein. It heard by hun kultuur. Wy sizze dat nèt sa faak tsjin elkoar; “Ik hâld fan dy.“ Wy binne as Friezen der te nuchter foar mar it kin ek ùs natuer wêze. Ik betraapje [Lês mear »]

Libbensein

“Mem, jimme moatte fêst lizze as jimme reanimeard wurde wolle. Mar ek as jimme ungenêslik siik wurde. Moatte wy dan eutanasy tapasse?“ freget de soan.  Ik moat efkes omskeakelje, ik bin oan it earpel skilen en dan tinke jo net oan de dea.  “Alles op papier sette hoe en wat jimme wolle.” seit er.   Mar,” sis ik; [Lês mear »]

It Ynterview

Foar it earst yn myn libben sil ik interviewt wurde. Foar de televyzje is dat in gewoane saak fansels. Mar it wurd wat oars as jo sels it ûnderwurp binne. Wy hawwe yn ùs omjouwing in nije glossy wykkrante krige. En der hearre ynterviews yn fansels. En omdat wy yn in jonge buurt wenje en [Lês mear »]

Kritikaster

Mei in ploechje froulju sille wy sinterklaasjûn hâlde. Elts moat in kadootsje mei nimme mei ien betinkst; der moat in gedicht by.   Al gau tink ik oan in grutte doaze sûkelarje, der kin nimmen wat op tsjin ha. Mar dan komt it; wat gedicht rimet op sûkelarje? Earst mar op ynternet sykje mar dat [Lês mear »]

>