Smaken ferskille

“Wat in omkoal, nèt?” seit myn man gauris as hy in bekind persoan op de televyzje sjocht. En as it in frommeske is, dan fynt hy it faaks ien wer`t kriich yn sit. Wat dat is begryp ik net. Ùs smaken ferskille folslein. “Hoe komst derby?” sis ik dan; “It liket my in hiele sympathieke fint ta.“ … Read more

Wa binne jo?

“Wa binne jo?” freget se. Kreas yn ‘e klean en it hier as kaam se krêkt by de kapper wei. Se stiet foar my in dame as altyd. Jierren allyn learde ik har kinnen. Hja siet yn allerhande bestjûren en koe goed har wurdsje dwaan. Ik wie yn ‘e grûn fan myn hert in bytsje skrutelich … Read more

Ferkiezings

“Ik stim net.” seit myn broer. “Wêrom net?” freegje ik. “Ik wol net by san grutte gemeente hearre. Hja witte net iens wa `t Jan is. In asylsiker kinne hja better dan my, dy hjir hikke en tein is.” “Do silst ek sûnder dyn stim dochs by dy nije gemeente komme.” gean ik der tsjin yn. “En dan noch; … Read more

Ofskied

Op de offisjele ùtnoeging stiet mei grutte letters ‘Afscheidsconcert Johan Koers‘. 35 jier hat hy ferbûn west as dosint oan de Meldije, it sintrum foar keunsten. En dat moat fiert wurde. Der sitte wy dan mei in  grut selskip yn de grifformearde tsjerke De Fontein fan Drachten. De stuollen binne sa del set sa dat … Read more

It nut

“Do moast mar op naailes.” sei ùs mem do ik in jier as tsjien wie.  De earste wie by Gerritsje, in âlde frijster en hiel strang. By Siementsje dy de grapmakkerij fan my wol weardearje koe. By juffer Mensonides, in âldfaam. Hja wie wat wrâldfrjemd; dy gearwurking wie net in sukses. Mar it lei him altyd … Read more

Grypprip

Hy leit wer op ‘e doarsmatte; de ùtnoeging foar de grypprip.  Om dizze tiid hinne ha wy al jierren de selde diskusje, hy en ik. En altiid freegje ik it selde; “List sto dy ek prippe?”  Ik wit foarùt al wat hy sizze sil; “Nè hear, dèr krij ik krekt de gryp fan.” “Hoe komst … Read more

Moetings

“Gaat het een beetje?” ropt hy. Ik ha my fersjoen do ik oan it boadskipjen wie. Ik sjou my in breuk oan in ofladen tas. Jimme kinne dat wol; jo hoege mar in pear dingen en jo komme mei folle mear thus. De tas giet fan de iene hân nei de oare en sa besykje ik thus … Read more

Keunst-earm

“Moarn!” rop ik nei de minsken. Net ien seit wat. We sitte yn ‘e wachtkeamer fan it sikenhûs. Myn man is hurdhearich, it giet oan him foarby. Ik rop noch es, in man mompelt wat en seit; “Heu.“ We melde ùs by de baalje. It frommeske sjocht net op of om en giet unfersteuber fierder achter … Read more

By de tiid bliuwe

“Hast oars neat te dwaan?” sis ik tsjin my sels. Ik sit op Facebook en kin er eanliks net mei ophâlde. Soe dat nò ferslaving hjitte? In skofke allyn sei de soan; “Mem moat es nei Facebook gean. Dat is sa yntresant.” “Och heerkes nè.” sei ik. Ik ha der wol es nei sjoen mar ik fûn … Read more

Âlderein

“Kin it net wat flugger?” ropt de âlde man. Ik stean yn in lange rige foar de kassa. It is drok, net ien hat mear wat yn ‘e hûs, tink ik by mysels. As ik oan bar bin sis ik tsjin it frommeske; “Wurde jo der net senuweftich fan?” “Ne,“ seit se; “ik wurd gek fan dy âlde … Read more