De taksy bringt my thús. Dit kear tref ik in sympatyk frommeske. It klikt fuortendaliks tusken ús.
Oer en wer fertelle wy wer `t wy weikomme en berne binne. En as blykt dat wy út it selde doarp komme, binne de ferhalen net fan‘e loft.
“Myn âlden wenje der noch.” seit se. “Wa binne dat dan?” freegje ik. “Hoe is it mooglik? Dy wenje neist myn broer!“
“Us mem is al op âldens mar sit alle dagen noch op Facebook.” seit se. “Ik ek!” sis ik.
“Hoe hjitte jo dan?” freget se. As ik myn namme neam, ropt se; “Dan binne wy freonen op Facebook!“
Foar dat ik er erch yn ha stean ik foar ús doar.
“Dag!” ropt se; “Oant facebook, hear!“
Ik moat earlik sizze: ik moast er earst neat fan hawwe. Ik fûn it in protte geëamel, praat om‘e nocht en it hie neat om‘e hakken.
Mar nei dat ik sibben ûntdutsen ha en neiteam derfan bin ik entûsjast wurden. Minsken fan eartiids passearje myn oantinkens. Mar ek nijsgjirrige lju moetsje ik der dy echt wat te sizzen hawwe.
Facebook? Ik ha al in hiele rigele ‘freonen‘. Sa as dat frommeske fan de taksy.
Wat leuk.
Ik had er ook een hele rij vrienden. Maar ze zeiden nooit iets. Ik hou het lekker bij mijn blog, wel zo rustig. NIemand is op zoek naar mij, en ik naar niemand.
Ik hou het ook bij mijn web-site, dat is iets van jou zelf. Facebook gaat iedereen over die denkt dat hij wat te zeggen heeft.
en als je pech hebt plaatst iemand zomaar een stukje op je eigen tijdlijn daar.
Je moet echt alles opslot zetten, als je dat niet wilt.