Ferwachtings

“Sille wy tegearre nei de film?” freget in freondinne; “De film De Nieuwe Wildernis spilet yn de bioskoop. En as sto lid biste fan de Anbo kinne wy der foardielich hinne.” En sa sit ik moarns ier en betiid klear. Wy sille dernei kofje drinke is it plan.  “It kin wol es ùt ‘e hân rinne.” sis [Lês mear »]

Itensbank

Justerjûn ha wy in sprekker hân oer de itensbank fan It Hearrenfean. Mei byld en ùtlis ferhelle in enthousiast bestjoerslid oer it wurk fan de itensbank. Djippe bewûndering ha ik krige foar dy tritich frijwilligers dy ‘t elke wike mar wer de pakketten rè meitsje. Yn 2008 binne se begong mei 8 pakketten en dat is [Lês mear »]

Fernuverje

De Ljouwerter Krante is let fannemoarn. Ik stean yn `t tsjuster te dikerjen; soe hy hast komme? De sneontemoarn is hillich foar my. De krante spried ik dan breed ùt oer de tafel net ien mei my steure  allinne foar in bakje kofje. Nijsgjirrigge ferhalen nimme my alhiel yn ‘e besnijing, Mar nei ik fierder blêdzje [Lês mear »]

Maleur

Foar de safolste kear rint myn printer fêst. En ik moat him daliks brûke. Dan mar ùt elkoar helje. Mar it is in apparaat dat hielendal ticht klonken is. Ik set it ding op tafel en mei mes, pinset en in breipriem gean ik oan ‘e slach. De soan skilje mar dy hat gjin tiid [Lês mear »]

Stellerij

Mei grutte swaailjochten wurd ùs fersocht om te stopjen. We steane foar in krùspunt efkes bûten it sintrum. De hiele omkrite is ôfset troch plysjes yn oranje unifoarmen. It is mienens sa te sjen. Oeral stean auto`s ùt alle rjochtingen. “Drankkontrôle. Hast nèt dronken wol?” freegje ik him yn ‘e gauwichheid . “Ik drink noait.“ seit er; “As ik ride [Lês mear »]

Omtinken

It is moandeitemoarn. Ik bin betiid op wei nei de superwinkel. It is drok. Hja hawwe allegearre it selde tocht, tink ik. Mei in grutte karre fol boadskippen stean ik yn in lange rij. Alle seis kassa`s binne beset dus bliuw ik mar stean. Wêrom sil ik feroarje fan plak?  No ik dochs wachtsje moat [Lês mear »]

Facebookfreon Wa hie dat tocht?

De taksy bringt my thús. Dit kear tref ik in sympatyk frommeske. It klikt fuortendaliks tusken ús. Oer en wer fertelle wy wer `t wy weikomme en berne binne. En as blykt dat wy út it selde doarp komme, binne de ferhalen net fan‘e loft. “Myn âlden wenje der noch.” seit se. “Wa binne dat [Lês mear »]

Weemoed

Wat weemoedich rin ik mei Max de lêste rit foar de nacht. Oeral binne de hûzen ferljochte want de Kryst komt er oan. Leauwige as onleauwige, we dogge allegearre mei oan de gekte fan it ljocht. It iene hûs is mear ferljochte as it oare. It falt my op dat er dit jier mear fersiert [Lês mear »]

>