Fernuverje

Untitled-1De Ljouwerter Krante is let fannemoarn. Ik stean yn `t tsjuster te dikerjen; soe hy hast komme?

De sneontemoarn is hillich foar my. De krante spried ik dan breed ùt oer de tafel net ien mei my steure  allinne foar in bakje kofje. Nijsgjirrigge ferhalen nimme my alhiel yn ‘e besnijing,

Mar nei ik fierder blêdzje wurd ik er net fleuriger op.

– Myn each falt op in grutte troufoto fan in âld echtpear dy in ein oan hun libben makke hat. Wiidweidich wurd beskreun hoe dat yn syn wurk gong is.

– Hoe in  grêfkistefebryk ta de grûn ôfbaarnt.

– Hoe in bulte hùshâldings op stjritte kamen troch falen fan de belestingstsjinsten.

– In man leit trije jier dea yn syn hûs.

– In Italiaan dy swarte katten op it menu hat stean helle se fergees ùt it asyl as bistefreon.

– Mei de boargeroarloch yn Syrië is it ein noch net yn sicht.

– En litte wy it dan mar net hawwe oer de unrêst yn de Oekraïne. En sa belânje ik by de rou-advertinsjes.

– Lokkich is Barbie fyftich jier wurden. Dy oerlibbet ùs allegearre, der is gjin sizzen fan. 

En sa eindigje ik mei : ‘Smaak en Stijl‘ en ‘Wonen’.

Fernuverje? Somstiden moat in minske nèt alles witte wolle.

Diele mei:

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien