Itensbank

Untitled-1Justerjûn ha wy in sprekker hân oer de itensbank fan It Hearrenfean. Mei byld en ùtlis ferhelle in enthousiast bestjoerslid oer it wurk fan de itensbank.

Djippe bewûndering ha ik krige foar dy tritich frijwilligers dy ‘t elke wike mar wer de pakketten rè meitsje. Yn 2008 binne se begong mei 8 pakketten en dat is ùtgroeid ta 220 stiks.

Ek oan de bern wurd tocht. As er ien jierdei is leit er in kadootsje klear. En yn desimber wurde royaal krystpakketten omparte. Mar ek it bestjoer set him der hûnderd prosint foar yn. Tank sy jeften, gemeente, sponsers, tsjerken en middenstân is it mogelik om dit wurk belangeleas te dwaan.

Mei in blierhertich gefoel rin ik nei hûs. It bestiet dus noch dat minsken sûnder der in grisel better fan wurde wat foar in oar dogge.

Moarn gean ik nei de itensbank. Miskyn kinne se my brûke.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien