Oanpasse

Se neame my Stientsje. Hoe komme se derby? Ik ha my foarnaam net nei dy namme te lústerjen. Wa neamd syn kat nò sa? Wat tinke dy lju wol net? Ik ha ek sa myn grutskens. Dat witte dy lju net mar ik bin in kat fan hege komôf. Ik ha yn in hiel grut [Lês mear »]

Fyftich euro (Dag, Max...)

Us Max is santjin jier by ús mar it begjin fan syn libben wie in minne start. Hy waard oanbean yn de Feanster Krante foar fyftich euro. We koene him ophelje út Jobbegea.

Noch gjin jier âld en al fjouwer adressen hân. De klacht wie dat hy altyd fuort rûn.

En omdat Jelle -in Welsch Springer– krekt ferstoarn wie, krige Olly, ús oare hûn, selskip.

Yn it begjin wie it oanpassen sawol foar him as foar ús.

Mar al gau wie der thús. Hy hie noch wol es oanstriid om achter de katten oan te gean. Mar dy hiene al gau yn`e gaten dat it neat om `e hakken hie.

Wat er ek barde yn ús libben, oan fertriet as blidens, hy wie der by.

Hy hâld ús oan de tiid, sa let ite, sa let útlitte. As ik de jas mar oan die, woe hy mei. Sneintemoarns nei `t tsjerke en dat wist hy, dan koe hy net mei en krûpte yn syn koer.

It rint no op in ein. We hawwe nachten by him wekke mar wy witte; it hâldt in kear op.

Sûnder betinkst hâlde fan. It is net yn jild út te drukken.

Fyftich euro

Read more

Gurbe Flappie, It Orizjineel

Al dagen hie ùs heit it er oer; wy soene mei de krystdagen wat bysûnders ite.

Wat krije we dan?” frege  ik. “Dat sjochst wol.” sei er unfersteurber.

By ùs mem kaam ik ek neat te witten. Se hie al dagen in skûteldoek yn `t hok hingjen mei in panne der ûnder. Dat wurdt “Jan yn ‘e Pûde“, dat wist ik wol. Wat efterbleaun fan de sûpe waard in neigesetsje in soart fan kwark mei beisop.

De tafel wie feestlik fersierd mei beppe har lekken dy`t se noch lizzen hie.

Einlik gong ùs heit oerein en kaam efkes letter triomfantlik de keamer yn.
Hy begon te snijen mei in grut mes wat er altyd by him droech.

Wat is dat foar bist?” frege ik mistrouwend.

Dat is Gurbe.” sei er. “Hy hie nò it goeie gewicht.”

Ik moat kokhalzje en stoarmje oerstjoer de keamer ùt.

Gurbe‘. Wert ik it hiele jier op past hie. Alle dagen syn hok skjin makke hie en middeis nei skoaltiid sochten wy tegearre knineblêdden.

Gurbe wist alles fan my. Ik fertelde him myn famkesdingen dy ik oan nimmen ea sizze soe.

Der hat nea wer in ‘Gurbe‘ west …

Ach… Krysttiid 1944.

Read more

Beakens

Wat soe ik sûnder myn soannen moatte? Ik bin net de allerjongste mear. De tiid hat my al aardich yn helle. Foaral de technyk ha ik de hannen fol oan. Dochs wol ik lyk opgean mei de jeugd want ik bin net unnoazel, fyn ik sels. De iene soan is foar de technyk en de [Lês mear »]

Skûtelwaskje

Der stean ik wer foar it oanrjocht te griemen. Wat ha ik dochs in glandige hekel oan skûtelwaskjen. Pantsje foar pantsje. Kopke foar kopke. Fan de iene hân nei de oare. En dan it gegriem mei teeleppeltsjes, ien foar ien ofdroegje. Dochs is it wol nijsgjirrich betink ik my. Se komme oeral wei, troch ùs [Lês mear »]

>