Skûtelwaskje

AfwasDer stean ik wer foar it oanrjocht te griemen. Wat ha ik dochs in glandige hekel oan skûtelwaskjen.

Pantsje foar pantsje. Kopke foar kopke. Fan de iene hân nei de oare. En dan it gegriem mei teeleppeltsjes, ien foar ien ofdroegje.

Dochs is it wol nijsgjirrich betink ik my. Se komme oeral wei, troch ùs mem meinaam as se in busreiske hie.

Safolle kaam se de doar net ùt. Mar in reiske mei de frouljusferieniging as mei De Bond liet se net sjitte, Dan siet se neist de bussjaufeur foar oan.

En om wat foar ùs  mei te nimmen kaam er jûns in leppeltsje ùt de tas, moai ferpakke yn sêft wyt papier.

Se kamen oeral wei; Staphorst, Epe, Urk … De fierste wie in rûnfeartboat ùt Amsterdam. Der rekke se nea oer ùtpraat. Fierder hat se yn har libben net west.

Skûtelwaskje, it hat syn foar en syn tsjin.

“Komsto efkes?” ropt myn man; “De monteur is er foar de waskmasine.”

Diele mei:

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien