As ik dij net hie

Posted on 0 min read 64 views

dunsje“As ik dij net hie.” seit er en giet efter my stean.

Ik bin drok dwaande mei de stofsûger wer`t wat ynsit wat der net yn thùsheard.

Noch ris seit er; “As ik dij nèt hie.

Hoe sa?” sis ik, “Dan hiest in oar frommeske hân. En miskyn wol ien dy`t folle skranderder en kreazer wie dan ik.

“Nè,” seit er twingent;ik bedoel dij. Doe ik dy foar it earst seach tocht ik; ‘dit is se.’

Ik set de stofsûger del en sis; “Is it no net wat let om dat te sizzen? Wy hawwe al in hiel libben efter ùs.

“Ik woe it dy allang sizze.” seit er; “Mar it kaam der net fan.”

Dizze leafdesbetsjûging komt ûnferwachts, ik bin in bytsje fan`t stik. No `t wy âlder wurde hawwe mekoar mear nedich. Soe dat it wêze? As komt it troch de Krystdagen? Dan wurdt in minske somstiden wat sentiminteel.

Ach jonge,” sis ik; “it is goed it hat altyd goed west. Wolst efkes helpe mei dat ferhipte ding ? Hy is noch ferstoppe.

Ik bin ynienen ferkâlden. Hoe kin dat no? As ik dy net hie …

  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  

Jou in reaksje:

  Abonnearje  
Nijste Âldste
Notify of
Soan D.
Guest

Oandwaanlik. Dat sit noch immen goed tusken jimme, ik fiel dat oan myn wetter.

Dat it sa noch jierren weze mei.

piet hein
Guest
piet hein

En moaie foto fan jim!

Hendrika
Guest

Een uitspraak om in je hart te bewaren!

Jouke
Guest

Heb iemand vanmiddag hetzelfde maar dan anders ge- Whatts Appd?
Zonder vrouwen was het een saaie boel hier op aarde, zijn ook nog beangstigend verstandiger dan ons mannen.

Sjoerdtsje
Guest
Sjoerdtsje

Moai, at je âlder wurde en dan sa wiis mei inoar wêze. Genietsje der fan!

Appelvrouw
Guest

En een man weet nooit dat een vrouw dan een zakdoekje nodig heeft.

Previous
Feilich fiele

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien