Fyftich Us stjitkessen...

Lokwinske mei dyn jierdei!” rop ik troch de telefoan. “Ja, dat sil wol.” seit er; “Mem wie der sels by.

Hjoed op de kop ôf is hy fyftich wurden.

Op 12 jannewaris 1963, krekt op de dei dat de âlve stêdentocht riden waard. Hy wie der samar.

Ik hie de Japanske toffels noch oan. Ik sjoch it noch foar my. Se wiene hel blauw mei grutte punten dy rjocht nei de himel wiisden. Ach, wat wie it in maklike befalling en sa noflik is hy altyd bleaun.

Hy wie de middelste fan de trije. Ùs ‘stjitkessen’, sizze wy wol es.

Hy heinde gauris de mieningsferskillen tusken syn sibben op. “Moast ek foar dy sels opkomme, hear!” sis ik wol es tsjin him. It is in stille rêstige jonge.

Somtiden wit ik net iens as hy thus is. “Hoe tinkst stò der oer?” freegje ik him regelmjittich en krij gjin antwurd.

Ik blaas in gatsje yn it rùt dat ticht sit mei iisblommen want de âlve stêdentocht wurd ommers hjoed riden? En sa besiikje ik in gatsje te blazen yn syn wêzen, yn syn eigen tichte wrâld.

Folle lok, jonge! Do silst it nedich hawwe…

Read more

Misledige

“Ik kom om myn medisinen.” sis ik tsjin de aptekeresse. De gebrûklike fragen wurde steld. “Wat is jo bertedatum, postkode en hûsnûmer?“ Ik kom hjir al fiiftich jier mar noch leauwe se my net. Ik begryp it wol hear. Jo hawwe hjoeddedei sok fremd folk omrinnen. Mar mei wat minskekennis sjoche jo dochs sawol dat ik [Lês mear »]

Tradysje

“Hoe fynst dizze dan?” ropt in frou. Ik sjoch om my hinne mar sjoch oars neat as grien. It minske is nergens te bekennen. Ik stean yn in grutte saak fan tunark. Foar dizze gelegenheid omtovere ta in hiel grut bosk. Bern krûpe oer de grûn en boartsje ferskûlje, De man siket om syn frou en [Lês mear »]

Sunichheid

“Wat is it hjir gleon!” rop ik en sjoch op de termostaat. “It is nèt te leauwen. Dy stiet op 27! Wa hat oan dat apparaat sitten?!“ rop ik. “Ik.” seit er; “It wie hjir sa kâld.” Troch dat hy de lêste tiid klomsk wurden is jout hy dat ding sa no en dan in raam. En altiid krèkt as [Lês mear »]

Hoe wolle jo it hawwe?

“Hoe wolle jo it hawwe?” freget se. Ik sit midden yn de keamer op in kruk. In grut kleed ûnder my en noch in gruttere om my hinne. Se kin begjinne. Nei dat ik myn pols brutsen hie en de earm yn it gips bin ik ta dizze lùkse oergong. Sa kaam er ek in pedikuere [Lês mear »]

Jiskeskilder

“Soe sto in skilderij mei myn jiske meitsje litte as ik kremeare bin?” freget myn man. Wy sitte nei Need op Freed te sjen fan Omrop Fryslân. Der is in ynterview mei in keunstskilder dy de jiske fan in minske troch syn ferve mingt. Hy ferteld dat hy al ferskate portretten makke hat op fersiik [Lês mear »]

Amtner

“Hoe vaak maakt u gebruik van het taxivervoer?” freget de amtner. Ik sit tsjin oer in frommeske dy `t fan har baan har libbenswurk makke hat. It giet oer it lokaal en taxiferfier yn ùs wenplak. De gemeente moat besunigje en pakt it ferfier drastysk oan. In skoft allyn ha wy listen thùs krige mei fragen [Lês mear »]

>