Tradysje

troch Posted on 2 Comments 1 min read 137 views

kriistHoe fynst dizze dan?” ropt in frou.

Ik sjoch om my hinne mar sjoch oars neat as grien. It minske is nergens te bekennen. Ik stean yn in grutte saak fan tunark. Foar dizze gelegenheid omtovere ta in hiel grut bosk. Bern krûpe oer de grûn en boartsje ferskûlje,

De man siket om syn frou en siget op in bank del. Neist my stiet in frommeske dy oan it hakketakjen is mei har freon. Se kinne it net iens wurde. Myn buorfrou hat in koarte kursus dien fan kryststikjes. Ùs oerbuorman hat in fazant bemachtige en sil him rè meitsje want dat is mannewurk. Fynt hy.

Wat is it dochs wat oer ùs hinne komt as de krystdagen er oan komme? Wêrom komt er in gefoel fan tsjinsin yn my op as ik dit allegearre oanskôgje? Komt dat fan eartiids doe ùs heit de knyn slachte wer`t ik it hiele jier op past hie? As is it de oerdreaunens fan hjoed de dei?

Wy hâlde it mar by stampotboerekool en Hemawoarst mei in gleske goeie wyn. Sa as ùs tradysje altiid west hat.

  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  

Jou in reaksje:

  Abonnearje  
Nijste Âldste
Notify of
gédé
Guest
gédé

it is in griis! Ik hâld it ek op in maklik miel iten en leave minsken yn`e buert! Al dat oerdreaune gedoch bah! Hoe dan ek, noflike feestdagen en foaral genietsje!

memmeminske
Guest

Tanke wol en noflike frediche feestdagen tawinske.

Previous
Ds. Hasperskoalle

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien