Parkearperikels

“Nò moat it net gekker wurde,” seit myn freondin; “ik ha in boete krige fan njoggentich euro. En der boppe op noch sân euro fyftich foar de administraasje.“ Ferûngelyke sjocht se de kring rûn. We hawwe wer es in jierdei te fieren, sa dwaande in protte oanrin.   Sûnt begjin jannewaris binne alle strjitten om … Read more

Prestaasje

It wie wèr safier; der wie wer ien jierdei. En as er wàt is wer `t ik in glandige hekel oan ha dan binne dat jierdeis. Earst al alles yn hûs helje. De iene moat gjin drank ha mar spesiaal suertsjewetter. Dan binne der in pear fegetariers by dus gjin Fryske woarst. “Dan mar neat,” seit … Read more

Ferhingje

Nè, ik wol my nèt ferhingje, hear. Dat sis ik earst mar foar dat jimme fremde prakkesaasjes oer my krije. In goekunde fan my skildert en besiket troch ùtliening de kosten der ùt te krijen. Ferskate minsken ùt har omkriten hawwe in skilderij fan har hingjen. Oerâl wer `t ik kom is har wurk werkenber. … Read more

Testpersoan

“Ik bin testpersoan wurden.” seit myn suster. “Wêr foar?” freegje ik. Ik bin nijsgjirrich. Se is net de jongste mear en dan binne de mooglikheden net sa grut. Nim nò mar de kosmetyske. Se kinne wol bewere dat er krêms binne dy in jong faam fan jo meitsje. En fan in bosk grys hier in … Read more

Heit

Ik bin in kast oan it opromjen en kom it kondolèânsjeregister fan ùs heit tsjin. Ik gean op de grûn sitten en begjin te blêdzjen. Op de earste bledside stiet syn namme, berne yn it jier 1904 en ferstoarn op 27 novimber 1968. Fiersten te jong rekkenje ik ùt. Wat is nò 64 jier hjoed … Read more

Fotomodel

Ik wol oare foto`s op myn webside. Hieltiid sjoch ik wer de selde kop foarby gean. Ik wol in totale oare look-and-feel. Mar wa moat dat dwaan? Der binne gjin strjitte-fotograven mear. En de buorman fjirder op mei syn jûkel fan in kamera fertrou ik net sa bot. Mear sjow dan kunde. En sa stiet … Read more

Ynterview

“Wol us memmeminske in ynterview oer my meitsje?” freget de soan. De rederij wol ferskate fan syn wurknimmers yn de spotlight hawwe.   “Nò is it myn beurt. Ik soe net witte hoe dat moast.” seit er. “As stò my nò de handfetten jouste dan sil ik er wol wat fan meitsje.” sis ik. Mar dan komt de … Read more

Beppe

“Binne jo al beppe?”  “Hoe sa?” sis ik. Hûnderd kear wurd my dat frege. “No ja. Jo hawwe de aldens.” is it antwurd. “Hawwe jo al beppesizzers?” komt er faaks achteroan. As ik dan skodholje komt de fraach; “Misse jo dy dan nèt?” “Nè,” sis ik; “ik wit net wat dat is. Wat jo net kenne, misse jo … Read more

Mokses

Wa kin my helpe??” rop ik nijsgjirrich. De lampkes boppe it oanrjocht ferhippe it wer es. Yn it tsjuster bin ik oan it griemen en kin neat fine. Nije lampkes kocht mar nee hear. Myn man is mear it type fan ried jaan en in oar it wurk dwaan litte. “Moast earst sjen as it … Read more

Kriminelen

Wolle jo in stap te bek gean?” freegje ik de man achter my. Ik stean foar de kassa yn in supermerk. It is kringen. Ik fiel de azem fan de man yn myn nekke. Hy mompelt; “Sorry.”, en giet in stap achter út. Wat is dat wat hjoed de dei? Dat jo gjin minske mear … Read more