De kapster

Om de fjouwer wike stiet it reade autootsje foar de doar. Mei grutte letters stiet er op ‘Sieta`s Rijdende Kapsalon‘. In jier as wat allyn ha ik myn pols brutsen en sa kaam se by ùs oan hûs. En ik moat sizze ta grutte foldienens oan beide kanten. “Kom fierder.” sis ik en eltse kear [Lês mear »]

Op de filmset

Mem,”  seit de soan; “ik moat foar myn oplieding in film meitsje. It is foar it eineksamen. Ik moat alles op alles sette oars sakje ik en moat ik alles op ‘e nij dwaan.” En wat doch jo dan as mem? Dwaan wat dy jonge seit. “En no hinget it hielendal fan jimme ôf as [Lês mear »]

Boarnsigge

Jierren allyn kochten wy in boat ùt in faillissement. De boat wie brûkt as sleepvlet op de Westerschelde. Hy wie inketswart en seach er net ùt. Mei hielle grutte giele letters stie er op “Prins Wannes de Tweede“, neamd nei in carnavals prins. En sa kamen wy oanfaren yn it plak wer`t wy wennen. Rûnom [Lês mear »]

De Twirre

Yn dit hûs, ‘De Twirre’ (= ‘wyn om it hûs‘), ha wy 25 jier wenne. Myn skoanheit stoar en wy ruilen fan hûs mei skoanmem. Do ik it hûs foar it earst seach wie ik ferkocht en ha him yn myn hert sluten. It fielde my oan as dy ik in jas om, jimme witte [Lês mear »]

Fleaner

“Dag, mem!” seit er en stapt yn de auto. Hy sil nei Eastenryk, in wike te fleanen. Wy binne de hiele wike mei him yn tou west.  Juster nei Winterswyk; der moast in nije tinte komme. Mar foar dat it safier wie hat it noch hiel wat fuotten yn de ierde hân. De hûn moast nei [Lês mear »]

Skuontsjes

By it opromjen fan in kast kamen my in pear skuontsje te miette. Eartiids wiene se wyt west mar troch it skowen fan it poepertsje oer de grûn wiene se feal wurden. Want rinne wie der noch nèt by fansels. In riemke mei in knoopke moast it skoechje oan de foet hâlde. Sa waarden de [Lês mear »]

Groede

Hjoed is foar ùs in dei om te betinken. Elts jier wer is it foar ùs in drege dei en dat sil salang bliuwe as wy te libjen hawwe. Wy steane er net allinnich by stil mar ûndergean it wer fan minùt oant minùt. De pine en de ûnmacht oer wat ùs oerkaam is. Samar [Lês mear »]

Mei de tiid mei

Mem moat in smartphone ha.” seit de soan; “Der kin mem alles mei fotografearje,  sms-e  en noch folle mear. Allinnich net kofje sette.“  De oare seit; “Der docht se dochs neat mei. Dy komt yn ‘t laat te lizzen.” Myn man fynt it èk laarjekoek. “We kinne sa njonkelytsen hiel Afrika foarsjen fan mobyltsjes.“ Mar [Lês mear »]

Identiteit

“Jo identiteitsbewiis is ferrûn.” lit de gemeente myn man witte. “Ik hoech gjin nije.” seit er; “Wer ha ik him foar nedich? Foar it sikenhûs en de bank ha ik al in bewiis. It kostet allinne mar jild.“  En sa skinke wy der gjin oandacht oan. Oant de stembiljetten foar de Europeeske ferkiezingen op `e moatte falle. [Lês mear »]

Bliid gefoel

“Giet it wat?” freegje ik it âlde wyfke. We sitte yn `e taksje op wei nei de hûsdokter. Myn man moat in hoarapparaat ha mar earst moatte syn earen ùtspuite wurde. “Ik hie it al in kear as wat sein mar it lei him oan myn utspraak fansels. Wy geane earst nei in fersoargingshûs, der moatte [Lês mear »]

>