De Famylje

Akkodearje

trochPosted on 6 Comments1min read1171 views

Naamloos-1"Sy is fannacht ferstoarnt." seit de stimme troch de telefoan. Sûnder emoasjes wurd it sein. Mar de rêst fan de dei is yn ienen fuort.

Ik gean sitten. Myn hannen trilje. Yn gedachten gean ik it libben fan ùs beide nei. Troch trouwen wiene wy foar ùs libben oan elkoar ferbûn.

De earste yndruk foel al net goed seach ik wol. Se mûnstere my fan kop ta tean. 'Ik moat nije klean keapje en nei de kapper.' tocht ik yn in flits. En sa is it ùs libben lang gong. As wy elkoar moeten dan wie ik fuort ûnwis en sei de ferkearde dingen.

Doe ik âlder waard en it libben my snoeie en bijskave hie waard ik selsbewuster. Mar it is noait wat wurden tusken ùs, hoe ik ek altyd myn bêst die.

En no is se er net mear. Ik sil se net misse mar it hie al oars moatten: ik hie mear my selfs wêze moatten. Wa wit hoe it dan oars rûn hie ...

'Hoe kin dat nò?' freegje ik mysels ôf; 'Dat it mei guon lju akkodearet en oaren net?'

Yn passende klean sil ik achter de kiste rinne. Soe it har goedkarring hawwe ?

Flecht op `e koai

trochPosted on 5 Comments1min read1626 views

Der is noch al wat geande yn de sektor soarchtehûzen hjoed-de-dei. Troch steatssekretaris Van Rijn syn heit is de âldereinfersoargings wer op `nij ûnder  de oandacht kaam.

Dat die my tinken oan ùs mem. Doe sy demint waard kaam sy troch in protte omtoarkjen yn in tehûs foar sok soart pasjinten. Earst wie se dea ungelokkich dwers en ferkeard. Mar geande wei waard it better: se krige medikaminten dy by har situaasje pasten.

It kaam selfs sa fier dat se gelokkich wie. Yn har jonge jierren wie se tsjinstfaam west by in boer en boerinne en dat kaam stadichoan allegearre werom.

Ta wy berjocht krigen dat se yn it sikenhûs lei mei in brutsen heup. Hoe dat kaam ha wy nea witten. Letter hearden wy se hiene har ferjitten op it huske  en sa wie se der ôffallen.

Nei dy tiid woe se neat mear fan de boer en de boerinne witte, dy hiene it bedoarn. As bern hawwe wy der nea wurk fan makke... se wie der ommers gelokkich!

It is mar goed dat er no flecht op `e koai is.

Bienvenido!

trochPosted on 0 Comments1min read1015 views

Woefjes"Kin mem ùs ek in pear dagen hawwe ?" freget de soan; ""We nimme ùs beide bern mei as it goed is."

De bern, dat binne twa hûnen dy net sa lang allyn ùt Spanje kaam binne. Mei in bestelbus fol binne se hjir oankaam. Twa binne hun ta wiist. Ik moat sizze: it binne skatten. Ik soe se sa oernimme wolle.

Max wit net wat him oerkomt. Mei lûde stimme en yn geef Frysk besiket er de Spanjaarden dùdlik te meitsjen dat se hun koest hâlde moatte want hjir is hy de baas.

No de grinzen fêst stelt binne is de rêst werkeart. We komme amper oan de iterij ta want se fergje al ùs oandacht. Om barren geane wy mei se te rinnen. De hûnen ùt de buorren gean mei in bocht om ùs hinne. Ek yn hun wrâld is er ferskaad yn ras en ôfkomst.

Nei in pear dagen fan kundskip oer en wer geane se fuort.

"Koene se hjir mar bliuwe." sis ik. Yn de wittenskip dat se no yn goeie hannen binne en nea wer yn in bestelbuske hoegge lit ik se gean.

"Kom mar gauris wer." sis ik en aai oer de kopkes.

Bienvenido!

Faker sjen

trochPosted on 3 Comments1min read1268 views

't Is watDe frachtrider set in ôfgriislike grutte doaze yn 'e gong. "Moat it hjir wol wêze?" freegje ik noch. Jo witte it hjoeddedei net mear as it wol doogt.

"Ja hear," seit de jongfeint; "jo namme stiet er op."

Ik set de doaze op `e tafel. Ik bin nijskjirrich wat dit wêze mei. Bergen kerlich skom komt my temjitte. De doaze is hast leech as ik in hiel lyts pakje lizzen sjoch. In each mei in triet der oan sjocht my oan. In grut fel papier ferhelled yn it Ingelsk wat it wêze moat: in webcam.

Ik skilje de jongste soan, hy allinnich docht soks.

"Wat betsjut dit?" freegje ik him. "We moatte elkoar faker sjen." seit er; "We sjogge elkoarren te min." "Sis mar hoe as it wurket." sis ik.

Nei in protte hin en wer gedoch sjoch ik him sitten. De beide reade katten rinne troch it byld, de hûnen blaffe op de achtergrûn. "Wol mem myn keamer ek sjen? En de tùn?" freeget er; "Dat kin no allegearre ." 

In rek mei wask stiet achter him, de stofsûger stiet midden oer de flier. "We moatte elkoar faker sjen." seit er. Syn stim is oars as oars.

Mar as wy it each faak brûke sille. De tiid sil it leare.

It roer om

trochPosted on 0 Comments1min read996 views

giphyWe hawwe in ferpleechkundige op bisite. In skofke allyn ha ik in enquête yn folle oer sûnens. Nei oanlieding derfan wol se witte hoe wy ùs deistich libben belibje.

De iene nei de oare fraach komt oan è oarder. Oer bewegings, iten en drinken ... jo kinne it sa gek net betinke as it komt oan 'e oarder.

Ik rin mar wat mei kofje en koeke en ha allang myn nocht. Mar myn man is aerdich op dreef merk ik wol. Hy praat dank sy syn nije hoorapparaat hûndert ùt. It frommiske leit him ek wol, tink ik. "Mag ik uw bloeddruk even meten?" freget oan him. Dy is oan 'e hege kant.

Ek myn druk wurd mjitten mar it moat oer en wer oer. "Niet te geloven." seit se; "Nog nooit zo hoog meegemaakt!" en se mjit wer op 'e nij. "Van nu af aan alles zoutloos en matig eten en veel bewegen." seit se. Wy sjogge mekoar es oan

Ik moat oan ùs mem tinke. Se hie de sâltpot op tafel stean, neist de sûkerpot. En elk rêdde him dermei. Se binne beide âld wurden en nea wat stean litten.

Gjin sâlte hjerrings mear. It roer moat om.

Se komt ynkoartens wer. Hy is net mear sa ûnder yndruk fan it minske fernim ik wol ...

Container

trochPosted on 4 Comments1min read1344 views

Naamloos-2

"Minne en ik sille ferhûzje." seit se. " wol?" sis ik.

Ik kin har al sa lang dat ik my net foarstelle ken dat sy fuort is.

"Wy hawwe ùs hûs ferkocht en keapje ùs yn yn in fersoargingshûs. Alles wurd der regele: iten, drinken, in wurkster en ferpleging as dat nedich is. En der binne allegearre clubkes. Minne hâld fan damjen en ik fan sjongen."

'Dat is de safolste dy hja ynkeapje litte. En ta hun dea ta fersoargje litte.' betink ik by mysels. Fanne wike wie der ek al ien, dy gong mei har man yn in ferbouwde suvelfabryk. Wat wolst ek: de rêsthûzen wurde ferkocht as ôfbrutsen.

"Wêr moatte wy letter hinne?" freegje ik myn man; "Ynkeapje, der ha wy de sinten net foar. En der komt by: do hâlst net fan damjen en ik net fan sjongen."

"Wy sette in container achter it hûs fan ùs Durk."

"Soe hy dat wol wolle?" freegje ik twiveleftich. "Wy ha salang foar him soarge, dan docht hy it no mar foar ùs." seit er.

Wy binne er noch net ùt. Ik sjoch my noch net yn in container omskaaien ... Jimme wol?

De kapster

trochPosted on 0 Comments1min read1180 views

hairOm de fjouwer wike stiet it reade autootsje foar de doar. Mei grutte letters stiet er op 'Sieta`s Rijdende Kapsalon'.

In jier as wat allyn ha ik myn pols brutsen en sa kaam se by ùs oan hûs. En ik moat sizze ta grutte foldienens oan beide kanten.

"Kom fierder." sis ik en eltse kear begroetsje wy elkoar mei: "Wat giet de tiid hurd foarby, nèt?" "Alles goed mei dy? Mei man en soan ek?"

Yntusken lei se in grutte doek oer de flier en in noch gruttere oer myn skouders.

"Hoe wolle jo it ha? Koart as lang?" freget se eltse kear. "It wurd hjerst. Sille we it mar wat lang hâlde? En achter mar wat koarter? Dat stiet wat jongeftiger."

Al keufeljend fleant de tiid om.  Al gau binne we wer op `e hichte fan elkoars dwaan en litten. Yntiid hat se twa klanten der by krige; myn man en de soan. Se fine har in ynnimlik frommeske sizze se.

Hertlik nimme wy ôfskie en eltse kear rop ik har nei; "Pas goed op dy sels hear!" De reade ridende kapsalon ferdwynt om `e bocht.

De kapster. Se is in bytsje myn dochter wurden.

Op de filmset

trochPosted on 0 Comments1min read1062 views

SuperSjoukeMem,"  seit de soan; "ik moat foar myn oplieding in film meitsje. It is foar it eineksamen. Ik moat alles op alles sette oars sakje ik en moat ik alles op 'e nij dwaan."

En wat doch jo dan as mem? Dwaan wat dy jonge seit.

"En no hinget it hielendal fan jimme ôf as ik slagje as net." 

"Nò," sis ik; "der seist noch al wat."

'Ik ha sa tocht, ik meitsje in film oer ùs heit. Dy man hat safolle meimakke yn syn libben, dat er is stof genoch."  

Sa sein, sa dien.

Us keamer wurdt om tovere ta filmstudio, klokken en skilderijen binne fan de muorre. Stuollen en tafels steane ferspraat troch de keamer. De ôffâl amer wurdt brûkt as statyf, de blommen binne ùt de finsterbanken.

De man wer`t it om draait sit al oeren te wachtsjen op it yntervieuw, hy wurdt er al sloech fan. Max wurdt bûtendoar set, hy mei gjin lûd jaan as hin en wer rinne.

(Ik freegje my ôf; "Soe dat yn Hilversum ek sa gean?")

"Wat hat heit it measte sear dien yn syn libben?" freget de soan. It binne ien op ien fragen dy my reitsje.

"Kom, Max!" sis ik; "Wy geane fuort." en ferlit de filmset. Supersjouke

Boarnsigge

trochPosted on 0 Comments1min read1044 views

boatJierren allyn kochten wy in boat ùt in faillissement. De boat wie brûkt as sleepvlet op de Westerschelde.

Hy wie inketswart en seach er net ùt. Mei hielle grutte giele letters stie er op "Prins Wannes de Tweede", neamd nei in carnavals prins.

En sa kamen wy oanfaren yn it plak wer`t wy wennen. Rûnom stiene minske op de wâl hun kommentaar te jaan. Al ridlik gau hiene wy in namme foar him. De  "Boarnsigge"  Myn man ek ik binne beide berne oan de igge fan de "Boarn".

Folle reizen hawwe mei it skip makke. Faaks wie Denemarken it doel fan de reis. We hawwe fan alles op dy reizen belibbe. In kear hast troch lekkerij mei skip en al nei de djipte. Mar ek de Eastdùtske marine achter ùs oan, hja fertrouwden it net.

Undanks de drokke gystene tiid fan in eigen ûndernimming hawwe prachtige jierren fan ûntspanning hân. Wy wiene dan wer as hùshâlding byinoar.

Prachtige oantinkens dy net ien ùs ôfnimme kin.

"Prins Wannes de Tweede "as de "Boarnsigge"; tige tank foar al dy jierren dat jimme ùs feilig thus brocht hawwe.

boarnsigge-bewerkt

De Twirre

trochPosted on 5 Comments1min read1178 views

stationspleinYn dit hûs, 'De Twirre' (= 'wyn om it hûs'), ha wy 25 jier wenne. Myn skoanheit stoar en wy ruilen fan hûs mei skoanmem.

Do ik it hûs foar it earst seach wie ik ferkocht en ha him yn myn hert sluten. It fielde my oan as dy ik in jas om, jimme witte wol: san jas dy jo om jo hinne slaan kinne.

It hûs hat in lange histoarje. En omdat wy in soart tegearre bepraat ha kaam ik in protte dingen te witten oer it ferline.

Myn skoanheit krige it fergees by de oankeap fan de bijgebouwen. It hûs moast fan `e grûn ôf op nij opbouwd en yn âlde steat wêrom brocht wurde.

It hûs hat underdûkers herberge. NSB-buorden stiene yn de tùn. In Joodse sjoernalist ùt Den Haag hat der underdak fûn. Ùs jonges binne der opwaakse en hun avontoeren belibbe.

It hûs hat yn al dy jierren hiel wat bisten under syn dak hân. Hûnen en katten, kninen en hinnen. Ach, tefolle  is er bard yn al dy jierren om op te neamen.

De dei dat it hûs ôfbrutsen is ha ik ôfskie nommen en mei de triennen foar it lêst de ruten dien.

Tank je wol, De Twirre, foar al dy jierren fan waarmte en feiligens.

-Hjoed de dei-