![]()
“Âlde beammen moatte net
to swier snoeid wirde…”
Wer geane jo hinne mei de feestdagen?‘, wurdt my noch wolris frege, hjir yn dit âlde minsken gebou. Foar elkenien is it och sa wichtich, want de measte lju wenje allinnich. Somtiden hear ik de iensumens der yn troch klinken. Se binne bliid foar de bern dat dy it sa goed dien ha yn’t libben. [Lês mear »]
In earm om my hinne, mear hoecht net. In presintsje mei sinterklaas hoecht net. In sûkeladeletter komt altyd fan pas, mar it hoecht net. In pakje ferpakke yn in fleurich stikje papier, mei in grut kleurich lint er om hoecht net. In earm om my hinne kost neat mar giet fier boppe alle sûkeladeletters. En [Lês mear »]
![]()
“Âlde beammen moatte net
to swier snoeid wirde…”
Ik sil myn freondinne efkes skilje. Freegje hoe it mei har is. Wy binne like âld en kinne inoar al fan ôf ús trouwen. It wie myn hertsfreondinne troch de jierren hinne. Sy krigen soannen en wy ek. Har man kaam te ferstjerren, en ek ik moast myn man loslitte. Sy en ik waarden âlder en gongen [Lês mear »]
Binne jo kristen?”, freget de sjauffeur oer syn skouder. Ik bin der net op beret en sykje om in antwurd. Ik bin 0p reis nei myn soan en sit efteryn yn de taksy. Of eigenliks yn in auto mei sjauffeur fan Valys, dy giet wat fierder dan de gewoane taksy. Op de hinnereis hie ik [Lês mear »]
Ynkringend giet de doarbel, ik rop: ‘Ik kom ‘r oan!’ ‘It iten is betiid hjoed’, betink ik my. Senuweftich sykje ik om myn skuon. In frjemde gewoante miskyn, mar ik rin altyd op bleate fuotten yn hûs. Dan bin ik mysels want ik bin thús. De doarbel hâldt oan. Wer bin dy ferhipte skuon ek [Lês mear »]
Nederlân tsjin Argentinië. Fuotbal… It is sa fier. Ik kin my der net drok om meitsje, mar dochs wurd ik mei sleept troch it entûsjasme fan myn meibewenners. De betsjinning fan it fersoargingshûs wol ek wol earder nei hûs, foaral om Lionel Messi, dy ferneamde fuotballer, te sjen. Sa giet Michiel ek nei hûs want [Lês mear »]
De telefoan giet en in stim ropt lûd: ‘Trekt u vast de jas aan, de taxi komt eraan. Maakt u zich gereed.’ ‘No, ik stean al in hiel skoft gereed.’ mompelje ik. De man bringt my swijend nei Aldeboarn. Hy is wurch tink ik want de hiele rit komt er gjin wurd út syn mûle. [Lês mear »]
Krigest ek besite mei de krystdagen?” freegje ik myn freondinne. “Ja,” seit se, “we meie no wer fjouwer minsken op besite hawwe. Mar it wie in hiel gedoch; wa sil ik freegje? Hja binne my allegearre even dierber. En dan noch binne er by myn soan twa bern bij kaam, Bonusbern seit min hjoed de [Lês mear »]