Mei de taksy

trochPosted on 1 Comment2min read237 views
Binne jo kristen?", freget de sjauffeur oer syn skouder. Ik bin der net op beret en sykje om in antwurd.

Ik bin 0p reis nei myn soan en sit efteryn yn de taksy. Of eigenliks yn in auto mei sjauffeur fan Valys, dy giet wat fierder dan de gewoane taksy.

Op de hinnereis hie ik in Fryske garaazjehâlder út as bestjoerder en op weromreis dizze jonge man út Rotterdam. Neat op oan te merken, beiden wiene op tiid en beiden hawwe in kreaze en skjinne auto.

Nei dat lêstneamde twa froulju yn Den Haag offset hat, docht de TomTom de rest.

"Ik zal mij even voorstellen, wij zijn nog niet thuis." begjint hy. "Ik ben die-en-die, Iraniër en woon in Rotterdam. Ik ben sinds enkele weken eigenaar van deze taxi en dus ZZP'er."

Nei dat wy oan inoar foarsteld binne, giet de reis op de drokke diken fierder.

En jitris komt de fraach: "Bent U een christen?" Ik anderje skruten; "Ik probeer het te zijn." Ik freegje my sels ôf; werom doch ik no sa oneigen? Ik ha dochs oeral in antwurd op?

"En U?", sis ik dan mar, "Gelooft U ook ergens in?"

"Ja," seit er, "ik ben Islamiet. Mohammed is mijn grote voorbeeld."

It wurdt efkes stil yn de taksy. Wat moat ik der no op sizze? As hy der no steun en treast fan hat, werom net?

Nei in lange rit set hy my út. We binne byinoar kaam, soe dat ek sa net yn it grutte wrâldbarren barre moatte?

Ik winskje him sukses mei sy eigen taksy en hope mar inoar wer es tsjin te kommen...

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest

1 Comment
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments

[…] Lês fierder by Tiden hawwe Tiden […]

Previous
Toskedokter
Mei de taksy

1
0
Would love your thoughts, please comment.x