Taxi

trochPosted on 0 Comments1min read174 views
De telefoan giet en in stim ropt lûd: 'Trekt u vast de jas aan, de taxi komt eraan. Maakt u zich gereed.'

'No, ik stean al in hiel skoft gereed.' mompelje ik.

De man bringt my swijend nei Aldeboarn.

Hy is wurch tink ik want de hiele rit komt er gjin wurd út syn mûle. Om fyf oere sil hy my wer ophelje is de ôfspraak. Mar dat rint oars; in heal oere te let komt er in oare taxi foar de doar.

In hiele aardige, tige knappe jongeman hjit my hoffelik wolkom yn syn taxi. De taal kin hy net sa goed, mar mei begryp fan beide kanten komme jo in hiel ein.

We sette út ein, mar de TomTom is ek al yn 'e war; hy sprekt net de selde taal as de sjauffeur.

We passearje Mantgum, Weidum, Jorwerd, Baard én Earsterwierum en ik bin werom yn Aldeboarn.

Wat is Fryslân moai. 'Mar net by tsjuster.' betink ik my. Dochs ha ik in moaie middei hân.

It giet dy goed, jonge. Sukses. Ha mar wat geduld mei dyn klanten, earst mar de taal leare, dan komt it wis wol goed....

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest

0 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
Previous
Nachtpon
Taxi

0
Would love your thoughts, please comment.x