Kleureblinens

Sjoerd F. Talsma hat in ferhaal op it Nijs set: Ferkearde sokken (spegeltsje).

It wie foar my in werkennen, ek by ùs giet it sa om en ta. Troch de jierren hinne binne dy gewoanten der yn slûpt. Fremde gewoanten fyn ik no, efternei besjoen.

As wy fuort sille lis ik syn klean fantefoaren klear op bed, dùdlik sichtber. Bûten syn smaak om is myn man ek noch kleureblyn. As ik him net foar bin hat hy de gekste kombinaasjes oan.

It wurdt jo somstiden skel foar de eagen. Mar dan moat er ta syn grutte argewaasje omklaaid wurde.

“Wat moat ik dan oan lûke?” seit er mei in ferhûddûke gesicht. Fûterjend begjin ik passende klean by elkoar te siikjen.

“Do moast nije klean ha.” sis ik; “En dan freegje wy ek om in goed adfys.”

“Dat is jildweismiterij.” seit er; “Wat gean ik no fuort? Ik ha sels genoch.”

“As er in klaaiingsaak fan dy bestean moast,… dy hie allang fallyt west.” sis ik wrantelich.

“Lit him gewurde je.” sei in freondinne.

Nè,” sis ik; “ik wurd der foar oan sjoen.” 

Kleureblinens…

Diele mei:

3 Comments on “Kleureblinens

  1. Voor het gemak met het wassen draag ik vooral zwart.
    Kleurenblind ben ik niet.

    Maar mooie combinaties maken lukt mij ook niet.

    Voorjaarsgroet,

  2. Pingback: Blog Wokke de Ruiter: Kleureblinens | ensafh

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien