Ferealens

“Ik woe dy efkes fertelle dat ik in freon ha.” seit se mei laitsjende eagen. Se stiet by de foardoar. “Kom der mar gau yn en fertel.” sis ik. Se kin amper op de stoel sitten bliuwe. In jier as wat allyn is se skieden fan har man. In beroerd houlik hat sy achter de [Lês mear »]

Beestich wêze

“Lukt het een beetje?” freget se. Ik stean foar it pinapparaat yn de Hema. It ding wol nèt. Ik sil wol in ferkearde hanneling dien ha tink ik. Ik sjoch achterom. It is it frommeske dy ik troffen ha yn it sikenhûs. Ùs soan lei by har man op ‘e keamer. In kat stuts it fytspaed [Lês mear »]

Ferwachtings

“Nearne op rekkenje, hear.” seit de soan. Hy komt miskien in pear dagen thus. Er moat fan alles yn ‘e hûs komme wer`t hy leafhawwer fan is. Want as san bern ris thus komt dan wolle jo him bedjerre. Der moat boadskippe wurde . “Grutte unsin,” seit myn man; “hy iet mar gewoan mei de [Lês mear »]

Haatmail

In goedkunde fan ùs is abbekaat en behannele in tige penibele saak dy in protte oandacht luts. Sawol yn ùs lân as der bûten. In protte minsken reagearden der op. En net altiid op de normale wize. Sy krigen op hun kantoor wol 500 oant 600 hûnderd haatmails per dei. “Wat docht dit mei dy?” [Lês mear »]

Negativisme

“It giet min mei ùs ekonomy.” seit in freon; “En it sil noch minder wurde rekkenje dèr mar op.” “It sil ùs allegearre reitsje.” giet er fjirder. “De polityk wol ùs pensjoen ôfnimme en de AOW sille se ek wol nèt ferheegje.” seit in neef. “En aanst moatte wy allegearre wer yn it selde tobke wosken [Lês mear »]

Swimles

“Hy hat nò in A, in B, in C en in D diploma.” seit de mem grutsk. “Giet hy ek fierder troch?” freegje ik. “Ik wol it graach mar hy wol nèt.” seit se. Se is dùdlik teloarstelle se hie hege ferwachtings . Ùs jonges gongen ek op skoalswimmen. De gemeente liet ien kear yn [Lês mear »]

De flinter

“Ach, moet je eens zien…“, seit se. Se wiist op in prachtige flinter dy op har foet sit. “Dat is mijn zoon.” seit se. We sitte yn de tùn en de buorren komme eefkes lâns. In jier as wat allyn is har soan ferstoarn oan in harsentumor. As lyts jonkje krige hy de earste lytse [Lês mear »]

De kostumiere

“Ik wit in baan foar dy.” sei myn suster. Ik hie de hùshâldskoalle hân mar wat nò? “Moast mar fjirder yn naaien,” sei ùs mem; “der bist noch al goed yn.“ Mar ik wist it nèt. Yn de fyftiger jierren wie der foar arbeidersbern net folle kar. Fierder leare koe net: dat wie net foar my [Lês mear »]

Te lèt

“U bent te laat, mevrouw.” seit it islamityske minske tsjin my; “Hij is al verkocht.“ Wy steane tegearre foar in bankstel yn De Lege Knip. In dei earder wie ik ‘r tafollich lâns kaam. Ik mei der wol graach wat om strùne. De meast nuversoartige saken komme jo der tsjin. Myn each foel op in [Lês mear »]

Teapert. Haaibaai

“Ik bin it er nèt mei iens.” sis ik mei lûde stim. We hawwe besite en sitte oan de kofje. Gesellich fan sels. It petear giet al gauw oer de ekonomyske krisis. Elk hat er mei te krijen op wat foar med ek. Mar sa as altiid binne it lju mei ferskate mieningen. Elk minske [Lês mear »]

>