Beestich wêze

Lukt het een beetje?” freget se.

Ik stean foar it pinapparaat yn de Hema. It ding wol nèt. Ik sil wol in ferkearde hanneling dien ha tink ik. Ik sjoch achterom. It is it frommeske dy ik troffen ha yn it sikenhûs. Ùs soan lei by har man op ‘e keamer. In kat stuts it fytspaed oer en de man kaam yn de berm telânne. Alles wat mar stikken koe wie stikken. Wiken ha sy by elkoar op ien keamer lein.

Dèr untstie in freonskip tusken dy twa. De âldere man en de jonge. As rinnende pasjint dy hy alles foar de man. Ek learden wy har kinnen. In folle jongere frou dy har man kinnen leard hie troch har wurk. En nò stie se achter my.

Hoe giet it mei jimme?” frege ik. “Met ons is het goed maar we hebben een nare week achter de rug.” seit se. “Hoe nò?” sis ik. “Onze poes van veertien is in Leiden in een dierenkliniek geopereerd aan een tumor in zijn hoofd. Het was kantje board of hij had het niet gehaald.” “En hoe giet it nò mei him?” freegje ik meilydsum. “O,” seit se; “hij mag alweer even spelen. Hij krijgt speciaal eten en dat blijft er in.

Yngelokkich stiet se foar my. Okkerdeis hearde ik fan in freon dat hy syn kat operearre litten hie en mei sukses. De kosten fan de fèdokter wiene 600 euro. De oare deis stuts de kat de dyk oer en waard dea riden. Is it nuver om sa folle foar in bist oer te hawwen? 

Ik rin nei hûs en ferwûnderje my oer de leafde tusken minske en bist.

2 Comments on “Beestich wêze

  1. ik vind het niet nuver, het is zo makkelijk om je beest “in te laten slapen”.
    Maar bij een mens niet. Veel mensen met dieren vermenselijken hun beest, maar vergeten het dier te zien.
    Mij verbaast het vooral dat mensen dat wel aan hun kat uitgeven en als ze voor hun eigen ziekte moeten betalen klagen ze.
     

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien