Ferwachtings

Nearne op rekkenje, hear.” seit de soan. Hy komt miskien in pear dagen thus. Er moat fan alles yn ‘e hûs komme wer`t hy leafhawwer fan is. Want as san bern ris thus komt dan wolle jo him bedjerre. Der moat boadskippe wurde .

Grutte unsin,” seit myn man; “hy iet mar gewoan mei de pot mei.

Mar ik kin him; hy hat altyd in pizer west. As jongkje al. Syn bruorren ieten as grûnwurkers mar hy griemde wat mei de foarke yn de panne om.

Mar nò komt hy thus. Wer soe hy sin oan ha? Ik meitsje in listje. It moat mar licht en loftich wurde. Slaat mei fan alles der yn. Bakte earpels hâld hy fan. Mei fisk as soarje fleis as krêkt nèt? Syn drankje is maklik. Dat is port mar wie dat nò wite as reade? En sûkelarje iis mei slachrjemme.

Sa set ik de stap er yn. Foldien kom ik thùs en set alles klear. Hy kin komme, hy wurd ferwachte. “Mem, ik kin nèt komme, hear. Dèr is wat tusken kaam. Dat sei ik dochs: it kin wèze? Sei ik it nèt?” hear ik op de achtergrûn; “Dò learst it èk noait.

Ik soe it sa wèr dwaan. Nuver, nèt? Memmen binne dochs oars as heiten…

3 Comments on “Ferwachtings

  1. Je bent een echte mem!
    Gewoon weer doen, ook al is je zoon een griemer, zie het maar als iemand met smaak. En misschien heeft hij dat van geen vreemde.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien