De flinter

Ach, moet je eens zien…“, seit se. Se wiist op in prachtige flinter dy op har foet sit. “Dat is mijn zoon.” seit se.

We sitte yn de tùn en de buorren komme eefkes lâns. In jier as wat allyn is har soan ferstoarn oan in harsentumor. As lyts jonkje krige hy de earste lytse tumoren. De iene nei de oare behanneling folge derop. De bèste sikehûzen yn ùs lân waarden besocht. De nijste behannelingen waarden op him tapost. En altiid wer hiene hja hoop as er wat nijs ùt fûn waard.

Dan seach ik him wer hiel mager en keal en dan wie hy wer hiel foars wurden. Hy mocht meidwaan oan it programma fan OVER MIJN LIJKWy folgen de searje omdat wy him koenen. It programma gong oer kankerpasjinten dy ùt behândeld wiene. Op in middei kaam sy om de hoeke. “Komen jullie even? Het is genoeg geweest…

Sa nò en dan lit hy him eefkes sjen yn wat foar bist dan ek. Sy is Boedist en leauwt dat hy har somstiden op siket.

Dy nacht wurd ik wekker troch dat in grutte brùne flinter op myn holle sit. “Wat moat ik dwaan?” freegje ik my sels ôf. As  it de buorjonge is dan kin ik him dochs nèt in mep ferkeapje?

Ik set it finster wagenwiid iepen. Yn it lêste gatsje.

2 Comments on “De flinter

  1. Je hoeft geen boedist te zijn om te geloven dat overledenen je af en toe opzoeken.
    Zet het raam maar altijd ver open! Je weet nooit.
    Zelf vind ik het een dilemma, als ik alle horramen dichtdoe… kan mijn dierbare er dan nog door?
     

    • Ta myn treast ha ik in oare teory. Mar elk hat hoop ik in teory in {boarne} wer`t hy ùt pjutskje kin.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien