Haatmail

In goedkunde fan ùs is abbekaat en behannele in tige penibele saak dy in protte oandacht luts. Sawol yn ùs lân as der bûten. In protte minsken reagearden der op. En net altiid op de normale wize. Sy krigen op hun kantoor wol 500 oant 600 hûnderd haatmails per dei.

Wat docht dit mei dy?” frege ik him. “Salang as se mar net oan myn privélibben komme.” seit er. “Hast wol es tocht om de saak ôf te blazen?” “Ja, dat ha ik faak genoch oerwege mar dat is gjin opsje. Dan soe it rjucht net mear triomfearje.” andere hy.

De rjuchtsaak wie foarby en de haatmails bleune wei. Ik moast dizze dagen oan dit gefal tinke. Okkerdeis krige ik ek in mail wer`t de haat fan ôf spatte. Myn earste. Ik ha der dagen mei om tize. In neiste freondin rekke yn de war en begong haatmails te ferstjûren. Lokkich wisten wy wer it wei kaam en koene sa de neisten op ‘e hichte bringe.

Wat wie it libben eartiids ienfâldich. Rabje en lêberij hat der altiid wèst mar hjoed de dei is it achterbaks en anonym wurden.

Kom mar op. Sis it mar rjucht yn myn gesicht. Dan kin ik my yn it gewear stelle…

One Comment on “Haatmail

  1. Zo is het, maar dat is niet leuk voor de haatschrijver, haatmails kun je niet vertellen.
    Ik krijg op  mijn blog regelmatig een gek, met platvloerse en ordinaire teksten. Ze heeft zelfs een blog. Soms gewone reacties, en dan ineens weer gek, ook heel veel verschillende namen, kennelijk denkt ze dat ik van lotje getikt ben, haar reacties komen er niet door bij mij.
    Maar haatmails, zomaar in je mailbox, dat lijkt me eerst nog lachwekkend, maar je weet niet wie zo gek is dat ie doorslaat.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien