Teapert. Haaibaai

Ik bin it er nèt mei iens.” sis ik mei lûde stim.

We hawwe besite en sitte oan de kofje. Gesellich fan sels. It petear giet al gauw oer de ekonomyske krisis. Elk hat er mei te krijen op wat foar med ek. Mar sa as altiid binne it lju mei ferskate mieningen. Elk minske stiet er oars foar.

De iene hat in eigen hûs en in goed pinsjoen. De oare moat rûnkomme fan allinne A.O.W. Dan begjint er ien oer de honger yn de wrâld en dat wy it noch sa bèst hawwe. It falt my op yn it petear dat de froulju it faaks iens binne mei hun man.

Leit dat oan my as oan myn generaasje? Sa bin ik noait sa west, ik lykje op myn mem. Wy hawwe ùs eigen miening en sizze dat dan ek. En dèr knypt it nò krekt: it wurd meastal net wurdearje troch de froulju yn in selskip. Min hat dan al rillegau de namme fan in teapert, in haaibaai. As ‘Hy hat neat yn te bringen as lege briefkes.‘ Lokkich ha ik in man troffen dy my as syn gelikense sjocht en myn miening wichtich fynt.

Jong en âld, man en frou, elk mei hjoed de dei foar syn miening ùtkomme en wèze dy hy is. Is it net in foarrjucht? 

As sjoch ik it ferkeard? Wat fine jimme derfân?

Diele mei:

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien