Negativisme

It giet min mei ùs ekonomy.” seit in freon; “En it sil noch minder wurde rekkenje dèr mar op.” “It sil ùs allegearre reitsje.” giet er fjirder.

“De polityk wol ùs pensjoen ôfnimme en de AOW sille se ek wol nèt ferheegje.” seit in neef.

En aanst moatte wy allegearre wer yn it selde tobke wosken wurde mei Sunlight en ien waskhantsje.” seit syn wiif.

Ik ha myn dei net. Ik kin nèt tsjin negativisme om my hinne. En krekt dizze dei rin ik de hiele tiid dit soarte minsken tsjin it lyf. Myn man sjocht alle dagen nei de polityk en kin al sa negatyf ùt de hoeke komme. Ik kin it nèt litte om der tsjin bètter witten yn tsjin yn te gean. 

Negativisme is deadelik. Ik ha it gefoel dat ik mei sûge wurd it ravyn yn. Ik nim my foar om dy minsken tenei te mijen as de pest. Ik wol it lêste part fan myn libben allinne mar in posityf ynstelle minske wèze en myn libben net ynkoartsje litte troch negative krèften. 

En dy waskerij? Wat wie dat sneontejûns gesellich. Allinne ik wie de jongste dus altiid de lêste …

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien