Te lèt

"U bent te laat, mevrouw." seit it islamityske minske tsjin my; "Hij is al verkocht."

Wy steane tegearre foar in bankstel yn De Lege Knip. In dei earder wie ik 'r tafollich lâns kaam. Ik mei der wol graach wat om strùne. De meast nuversoartige saken komme jo der tsjin. Myn each foel op in prachtich swart leren bankstel. Ùs eigen wie nei myn gefoel wol 100 jier âld en alhiel lang hie ik der skjin myn nocht fan. Mar myn man en de hûn woene him net kwyt.

En sa steane wy in skofke letter wer by it bankstel. Mar we binne te lèt, it spul is fersein. De frou mei de wale sjocht my fertritlik oan. "Waar moet myn man vanavond nu op zitten?" freget se. "Nò," sis ik en wiis op de berg stuollen; "der is fèst wol ien foar him by.". Se knikt en lûkt de wale fjirder oer de holle.

Ik ha mei har te dwaan. Fan my hie sy him wol hawwe mocht. Dan ropt myn freondin en ik rin fjirder. En dèr stean twa prachtige earmstuollen. "Het heeft zo moeten zijn," seit se; "dit is nog véél mooier". De oare deis wurde de stuollen brocht en mei in weemoedich gefoel nim ik ôfskie fan ùs bank. Wa hat der nèt op sitten en wat is er nèt op lake en gûlt? In meubelstik is nèt in ding mar in underdiel fan it hùsgesin.

"Dag, bank." sis ik en stryk him noch es oer de rech. Soe it ek wat wêze foar it frommeske mei de wale ?

Te lèt? Wolnè, it hat sa wèze moatten...

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest

6 Comments
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments
Soan D.

Dy moat ik mar ha. Stiet hjir moaier dan der, tink ik.

Appelvrouw

De lege knip, daar kocht ik de mooiste trui die ik ooit gezien had, voor Vroems' laatste half jaar. Hij woonde er in.

Daarna was de lege knip mijn troostwinkel, als er barbies waren kocht ik ze.

babbelegoegje

Ik mocht eartiids ek graach yn sokke saken omstrúne, mar no moat ik sels in protte
fan myn opskarrele snusterijen nei, yn us doarp "knap spul',  bringe. Op it lést krei je dochs wat te folle yn'e hûs. As ik no wat sykje, is dat 'gericht', op marktplaats.
Dy moaie stuollen, der mei de hûn fansels net near op komme.Of dochs wol? It kin fansels wol wat lije as it al brûkt is. Hûnen en bern, it wie foar my altiid al in reden, om dit soart dingen net nei te keapjen.
 

6
0
Would love your thoughts, please comment.x