Grypspuit

It is wer sa fier: we kinne de grypspuit helje. De diskusje brânt wer los. It is krekt as yn de polityk; de iene is er flak foar en de oare is der pûr op tsjin. Lju ùt de wittenskip falle yn de media oer elkoar hinne. De iene wit it better as de oare. [Lês mear »]

Dieredei

It sil jimme net ontgong wêze dat it juster Dieredei wie. Troch de media is er in soart oandacht oan bestege. Ôfgryselike bylden krigen wy fan de Dierenbescherming te sjen. Ferwaarloosde en mishândelde bisten. Ik wit net hoe as it jimme fergiet mar ik kin it net oan sjen. Salang as wy trouwd binne ha wy bisten [Lês mear »]

Nitelich

In grutske soan hat myn ‘jubileum‘ op syn Facebook set. Moaie reaksjes op hân. Tige tank! Mar dit frommeske is wat nitelich op de soan. Want wêrom moast de âldens er by? Earstens is sy is noch gjin tachtich. En dan noch… wat seit  âldens? Sy kin wol  jonger fan geast wêze as ien fan tweintich. [Lês mear »]

In jonkje mei sûker

“Jou my mar mar in jonkje.” seit myn broer. “Ja, my ek mar.” seit de oare. It is tradysje by ùs dat de manlju in jonkje mei sûker krije. Dy wizânsje ha se fan ùs heit oernaam. Moarns om elf en middeis om fiif oere en nèt mear dan twa. Doe`t se wurken nèt fansels. [Lês mear »]

Trijehûndert X

Trijehûndert stikjes. Stikjes oer ferskate underwurpen. Skriuwsels sa as ik my op dat stuit fielde. Gefoelens fan ûnwennigens, fertriet, leafde, lilkens en blidens… se kamen allegear foarby. It is myn utlitklep wurden. It hat my skerper en opmerksummer makke. De eagen en de earen iepen, dat ha ik my yn de rin fan de tiid [Lês mear »]

Yngenieur

“Heeft u een overall voor mij?“ Der stiet in kreas ùtsjent jongfeint foar my. Er is wat oan dizze jonge wat myn oandacht lûkt. Hy praat keurich ABN. Wylts ik him help besiikje ik temûk te witten te kommen wêrom hy in overall nedich hat. Jo soene earder sizze, hy moat in sjiek pak ha [Lês mear »]

Reboelje

“Ha jimme Jack Russels?” freget de man. Op de stoepe stiet in plysjeman yn unifoarm mei alles op en der oan. Ik wurd der kjel fan. Soe der wat  mei myn sibben wêze? Mar al gau seit er; “De buorlju ha lêst fan jimme hûnen. Se hawwe te folle heibel.“ “Dat kin nèt.” sis ik. Se [Lês mear »]

Stazjêre

“Neem me niet kwalijk…” seit se. We sitte by de hûsdokter mar it is nèt ùs dokter. “Ik ben de vervanger. Uw eigen arts is verhinderd.“ In aerdich jong frommeske komt ùs temjitte. Myn man hat noch altiid lèst fan syn hûdùtslach. We binne al seis moanne oan it dokterjen. Somtiden is hy gek ferlegen fan [Lês mear »]

Petear

Soan D. seit; “Mem mei wol skerper wurde, hear. As sis mar plan ùt hoe mem oer de dingen tinkt.“ We hawwe it oer myn webside. En dat is wier wat hy seit. Der rin ik faaks tsjin oan. Skriuwe oer polityk, leauwen en it sekslibben. Hoe nijsgjirrich dat op himsels ek wêze kin. Wa [Lês mear »]

Bijke de Stabij

“Smakket it wat?” freget ùs mem oan Bijke. Hy slikket him om de bek as hie hy noch noait sa lekker iten. Seis kear yn de wike wurd har it iten brocht. Yn ùs doarp ha se Tafeltje-dek-je. It is in hiele organisaasje mei in protte frijwilligers. Minsken dy allinnich wenje -jong as âld- komme [Lês mear »]

>