Stazjêre

Neem me niet kwalijk…” seit se. We sitte by de hûsdokter mar it is nèt ùs dokter. “Ik ben de vervanger. Uw eigen arts is verhinderd.

In aerdich jong frommeske komt ùs temjitte. Myn man hat noch altiid lèst fan syn hûdùtslach. We binne al seis moanne oan it dokterjen. Somtiden is hy gek ferlegen fan de jokte. We binne twa kear nei it sikenhûs west nei in dermatoloog en nei twa hûsdokters. Gjin domme jonges dus soe ik sizze. 

In Prednison-kuur, dat koe hy krije mei in soart bywurkingen. Nò sitte we by de stazjêre, ùs rie tenein. Se fertelt under it ûndersyk dat sy hast klear is mei har studzje. Desimber mei se offisjeel har berop ùt oefenje.

Ta ein beslut krije wy bemoedigjende wurden mei en pear tuben salve. “Twee keer per dag insmeren.” is har advys.

Mei klam seit se; “Over een week zie ik u bij mij terug.” Nei dat wy har sukses winske har mei har studzje gean wy sùver optskik nei hûs. Nei in wike fan smarren -moast ik dwaan fansels- is hy hielendal wer better. 

Myn pet ôf foar dizze stazjêre. Hja wurd fêst in hiele goeie hûsdokter. Sukses fanke.. komst er wol.

LÊS EK:  Steuring
  • en ze hebben ook nog eens zo´n lief gezichtje,
    valt me altijd op, wellicht vanwege de prille leeftijd
     
    fijn dat het zalfje gewerkt heeft, jeuk is gekmakend
     
    ik dacht trouwens dat het famke was i.p.v fanke:)

  • >