Yngenieur

Heeft u een overall voor mij?

Der stiet in kreas ùtsjent jongfeint foar my. Er is wat oan dizze jonge wat myn oandacht lûkt. Hy praat keurich ABN. Wylts ik him help besiikje ik temûk te witten te kommen wêrom hy in overall nedich hat. Jo soene earder sizze, hy moat in sjiek pak ha mei boesgroentsje en by passende strik.

Ik freechje; “Moat it in griene, in blauwe as in kaky wêze?” “Een groene.” seit hy; “Ik zit bij de plantsoenendienst.

Dan ferteld hy dat hy ingenieur is en Delft hân hat. “En nò yn de plantsoenen.” sis ik. “Ja,” seit er; “ik solliciteer mij gek maar het wil niet lukken. Dan ben ik weer onder mijn niveau en dan ben ik er weer boven. Zeggen ze. Zo ben ik bij de gemeente terecht gekomen. Ondertussen ben ik aan het solliciteren. Daar komt bij; ik hou van in de grond te wroeten en draag ook zo mijn steentje bij.

Ik ha grut respekt krige foar dizze jonge. ‘Soe hy slagge wêze?‘ freechje ik my wol es ôf. As ik in grut bedriuw hie dan soe ik him sa yn`t tsjinst ha wolle.

Ien mei niveau…

One Comment on “Yngenieur

  1. Prachtig geschreven; zo uit het leven en uit het hart.
    Hartelijke groet,
    Ed.
     

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien