Grypspuit

It is wer sa fier: we kinne de grypspuit helje. De diskusje brânt wer los.

It is krekt as yn de polityk; de iene is er flak foar en de oare is der pûr op tsjin. Lju ùt de wittenskip falle yn de media oer elkoar hinne. De iene wit it better as de oare. It is foar minsken dy âlder binne as sechtich jier. En minsken fan alle leeftiden dy iersykte, longsykte, diabetes binne en lju dy mei de nieren te krijen hawwe.

Wat doche wy?” freegje ik myn man. Ik ha hielendal gjin krupsjes en it kadaster is ek noch ynoarder.

Nò,” seit er; “dan giest dochs nèt.

Mar as stò it wol dochste en ik nèt, krigest it dochs fan my.” sis ik.

Do moast it mar witte. Ik doch it wol. It is fergees. En alles wat fergees is moat jo nèt sjitte litte.”

“Mar,” sis ik; “as ik it nèt doch as sûn minske dan kin better it ien krije dy it oan it hert as oan de nieren en de longen hat. Sis mar de risikogroepen.

Och, se hawwe genoch, je.” seit myn man; “Hoe mear, hoe leaver foar doktoren en de medyske yndustry.

En dochs doch ik it nèt. Want ik kin er es de gryp fan krije …

Diele mei:

One Comment on “Grypspuit

  1. 🙂
    Zo is dat. 
     
    Mijn schoonmoeder van 79 haalt ook nooit een griepprik, schoonvader van 89 doet het wel.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien