Nitelich

trochPosted on 5 Comments1min read1260 views

In grutske soan hat myn ‘jubileum‘ op syn Facebook set. Moaie reaksjes op hân. Tige tank!

Mar dit frommeske is wat nitelich op de soan. Want wêrom moast de âldens er by? Earstens is sy is noch gjin tachtich. En dan noch… wat seit  âldens? Sy kin wol  jonger fan geast wêze as ien fan tweintich. Ik ferset my tsjin dat leeftiidgedoch.

Dèr hat ùs regear èk in hântsje fan en praat my nèt oer de hjoed deistiche maatskippij. De minsken wurde tsjintwurdich âlder. Lokkich soe ik sizze.

Ik bin it sèd om altiid mar wer oer rollaters, skootmobyls en elektrische ark te diskusjearjen. En foarâl dat geëamel oer de AOW. Allegear prachtiche sosjale foarsjennings, wat moasten wy sûnder dit alles? Mar âldens wat makket dat nò ùt?

Dit minske is al in bytsje minder nitelich nei dat se har galle spuit hat. Mar ik freegje dochs ek nèt op Facebook hoe âld de dielnimmers binne?

[klik ôfbylding foar grut]

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest

5 Comments
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments
Soan D.

Ach, wat is no âldens? Der bin ik ‘t wol mei iens. Oan de oare kant; op san aldens een blog bijhalde makket it dan dochs wol wer bysûnder. Der bij optelt de manier fan skriuwen, makket it allegearre spesjaal.

Dus.

En aldens freegje op FB hoecht net hear; dat stiet bij jo namme. 😉 

Elske

Ik tink dat jo soan al it grutte feest yn é holle hat dat hy foar jo organisearje sil as jo tachtich wurde 😉 As je mei in soad saken yn de kunde komme, meitinke en –prate kin je ek genietsje fan alle rykdom dy it libben jout. Je eigen miening foarmje en oprjochte interesse hoe in oar der oer tinkt hâld je by de tiid. Romte om te freegje, te tinken en te trochtinken. Moed om de konfrontaasje mei jinselsoan te gean en besletten yn it geheim fan de genede dy frij makke. Libje mei de dei fan hjoed… Lês mear »

Appelvrouw

Je mag best trots zijn op je leeftijd, dat je geest nog niet aan ouderdom toe is blijkt uit je kracht van schrijven en redeneren.
Eneuh, ik zou maar wat trots zijn als ik zo’n zoon had die mijn stukjes las en ze de wereld rondstrooide! Ongeacht mijn leeftijd.

Previous
In jonkje mei sûker

5
0
Would love your thoughts, please comment.x