Trijehûndert X

Trijehûndert stikjes. Stikjes oer ferskate underwurpen.

Skriuwsels sa as ik my op dat stuit fielde. Gefoelens fan ûnwennigens, fertriet, leafde, lilkens en blidens... se kamen allegear foarby.

It is myn utlitklep wurden. It hat my skerper en opmerksummer makke. De eagen en de earen iepen, dat ha ik my yn de rin fan de tiid oanwent.

Skriuwe oer minsken en hun wisânsjes, oer bisten en de natuer. Mar ek de femylje dy moast it faaks ûntjilde.

Sels myn man hat it al te pakken. Hij seit gauris; "Der moast wat oer meitsje." Wa hie dat no tocht fan san nochteren man?

Wol moat ik sizze: oan de stavering mankearret noch wol it iene en`t oare. Mar stadich oan wurde se better. It leart al wat. Myn Frysk wurdboek is al oan flarden. Kinne jimme neigean.

Mar ien ding is wis, se binne mei nocht en wille ûntstean. En as de tiid komt dat se my allegearre as in fremdeling foarby rinne, dan is de lêste makke...

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest

6 Comments
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments
Hendrika

Op naar de volgende 300 x, ik lees ze met plezier!

Appelvrouw

Schrijven is een mooie uitlaatklep, maar daarnaast ook nog een beeld van jezelf.
Als je dan kinderen hebt, en misschien kleinkinderen, is dat een geweldige gift die je ze na kunt laten.
 
 

Soan D.

Da's net hielendal wier, us memmeminske. Mien letteren binne allinnich net sa skjin as dy fan jo. 😉

6
0
Would love your thoughts, please comment.x