Bijke de Stabij

Smakket it wat?” freget ùs mem oan Bijke. Hy slikket him om de bek as hie hy noch noait sa lekker iten.

Seis kear yn de wike wurd har it iten brocht. Yn ùs doarp ha se Tafeltje-dek-je. It is in hiele organisaasje mei in protte frijwilligers. Minsken dy allinnich wenje -jong as âld- komme der foar yn oanmerking. En wer oaren bringe it mei de auto rûn.

Sa ek by ùs mem. Se hat it jild al op it plusenkleed ùtteld. ‘Sa kriget se tenminsten wat goeds yn de mage.’ tochten wy as bern. As de minsken it iten bringe sette sy it op it oanrjocht. En gean dan gau nei de oare ôfnimmers ta. It moat ommers waarm wêze en de minsken wolle om tolve ûre ite. Dat binne se altiid sa went west.

Dochs ha de rûnbringers argewaasje by ùs mem. Se betinke in ferlechje en ferjitte in itenspanne mei te nimmen. Daliks komme se wêrom en sjoche dat Bijke it keuzemenu bysûnder lekker fynt. Fan doe ôf gongen se by har sitten en moast se wol ite. Mar de hûn kin it net wurdearje. Wat is er nò oan hûnebrokken?

Bijke is hiel âld wurden. Soe dat kaam wêze troch Tafeltje-dek-je?

Òfrûne freed waard oandacht bestege oan de folkssykte nûmer ien: demintens. Sa dwaande kaam ik op Bijke de stabij, Tafeltje-dek-je en myn deminte mem.

Diele mei:

2 Comments on “Bijke de Stabij

  1. Mar we hawwe ek wol lake om ys beppe har demintens.

    Miskien een manier om te relativearen. 

    • In frou mei in protte humor.Mar doe sy demint waard wie it  dreech om er mei har om te gean.It waard in hiel oar minske mei in totaal oar karakter.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien