Fergonklikens

“Past it dy dat ik efkes lâns kom?” freget se. Even letter komt se mei in grutte swiere tas oansetten. “Ik ha dyn stipe nedich.” seit se emosjoneel en leget de pûde op ‘e tafel. Foar myn ferbjustere eagen leit se in bulte gouden sieraden del. Ik sis laitsjend; “Wat nò? Is it al sa fier [Lês mear »]

Amtner

“Hoe vaak maakt u gebruik van het taxivervoer?” freget de amtner. Ik sit tsjin oer in frommeske dy `t fan har baan har libbenswurk makke hat. It giet oer it lokaal en taxiferfier yn ùs wenplak. De gemeente moat besunigje en pakt it ferfier drastysk oan. In skoft allyn ha wy listen thùs krige mei fragen [Lês mear »]

Rouwe

Ik sjoch hun yn de wachtkeamer sitten fan it sikehûs. Sy en har man. Okkerdeis is syn broer ynienen stoarn en dat wie ùs bèste freon. Ik gean der op ôf en freegje hoe as it mei hun giet. In yslike stiltme komt my temjitte. Ik gean efkes sitten, wy moatte dochs wachtsje op ùs [Lês mear »]

Ùtsjoent

“Ik wol wat nijs ha.” sis ik tsjin myn man. “Alwer?” seit er. Dy man hat gjin idee wat in frou nedich hat tink ik wol ris. Ik stean foar myn kleankast en bin ùtsjoent op wat ik der lizzen sjoch. Trije plastik sekken lizze op bed. Ien fan It Leger,  ien fan De Lege [Lês mear »]

Fiif Bokkings

“Wer kin ik jo mei helpe?” freget de fiskboer. “Twa lekkerbekjes mei krûden.” sis ik. De fiskkream stiet grot fol. Ik gean er mar by sitten, dit sil wol lang duorje. Tusken de klanten stiet in ôfgriislik dik frommeske. Noch frij jong, ik rûzje har yn âldens fan tweintich. Se is klaaid op de kilo`s. Se hat [Lês mear »]

Oerkaapje

“Sil ik jimme terras èk oerkaapje?” freget de buorman. Hy hat achterhûs in sit makke mei in dak fan golfplaten. En as hy wat makket dan wol hy dat ek by ùs dwaan. Mar ik wol gjin dak boppe myn sit want ik moat de loft sjen. As ik yn myn hoekje sit moarns betiid dan [Lês mear »]

Emoasjes 2

As ik de griene container by de dyk set hear ik myn namme roppen. En ek noch wol by myn foarnamme wat altiid ‘Buorfrou!‘ is. Mar it klinkt sa bliidhertich dat ik  stean bliuw . In buorjonge komt tige optein my temjitte. Syn freondinne is yn ferwachting en fan it ôf  it iere begjin wurde wy [Lês mear »]

Emoasjes 1

“Wèr sjochst nei?” freegje ik myn man. Hy sit nei in programma te sjen wer`t hy emosjoneel fan wurd. Mei in grutte bûsdoek faget hy stikem oer syn gesicht en hoastjet oerdreaun. Ik mei foarâl nèt sjen dat hy oandien is. “Frjemd.” tink ik by my sels. Dat ùs generaasje der san muoite mei hat. [Lês mear »]

Foarljochting

“Ik krij in broerke!” ropt de lytse strobbe fan amper twa jier. Syn mem sjocht my bliid oan. “Ja,” seit se; “ik ha it him saniis ferteld. We hawwe in scan meitsje litten en hy mocht mei. Sa kin hy er fan begjin ôf oan by wêze en oan it idè wenne …“ “Is dat [Lês mear »]

Boeddhabylden en Tibetanen

Twa hûnen mei ôfgryslik lang hier skeuke tsjin my oan. It binne Lhasa-Apso hûnen. Hja komme ùt Tibet ha se my sein. Foar it gemak nim ik de iene mar Stopjern en de oare Sokkejern. Sy moasten nei in begraffenis en krekt om dy tiid soe in monteur komme. En sa fregen se my om efkes te hûswarjen. Ik [Lês mear »]

>