Foarljochting

Ik krij in broerke!” ropt de lytse strobbe fan amper twa jier. Syn mem sjocht my bliid oan.Ja,” seit se; “ik ha it him saniis ferteld. We hawwe in scan meitsje litten en hy mocht mei. Sa kin hy er fan begjin ôf oan by wêze en oan it idè wenne …

Is dat nèt wat oan de iere kant?” freegje ik har. Want nò tinkt hy dat it hjoed as moarn al barre moat. “Jo kinne er nèt ier genoch mei begjinne.” seit se.

Ik fernuverje my hoe de tiid feroare is.

Ùs mem lei in pear dagen op bed mei in pynlike foet. As wy eartiids fan bed kamen stie er in widze yn de keamer. En Sytske, de baakster fan it doarp, swaaie de septer yn ‘e hûs. As wy fregen oan ùs heit wer de poppe wei kaam, dan hie de earrebarre dy nacht lâns west.

Ùs mem hie in oare ùtliz. It berntsje hiene wy fan God krigen. Ik tocht wol es dat God somtiden wat al te royaal mei de poppen omsprong.

Hawar de tiden binne feroare. Lokkich mar. En goeie foarljochting is nedich, dat witte wy allegearre wol. Mar kin it yn de takomst noch earder? Wer leit de grins?

It boaike fytst my foarby en hat er in sankje op makke: “In broerke krije wy, in broeke krije wy … la la la …

Diele mei:

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien