Wokke
Dieredei
It sil jimme net ontgong wêze dat it juster Dieredei wie. Troch de media is er in soart oandacht oan bestege. Ôfgryselike bylden krigen wy fan de Dierenbescherming te sjen. Ferwaarloosde en mishândelde bisten. Ik wit net hoe as it jimme fergiet mar ik kin it net oan sjen. Salang as wy trouwd binne ha wy bisten … Read more
Nitelich
In grutske soan hat myn ‘jubileum‘ op syn Facebook set. Moaie reaksjes op hân. Tige tank! Mar dit frommeske is wat nitelich op de soan. Want wêrom moast de âldens er by? Earstens is sy is noch gjin tachtich. En dan noch… wat seit âldens? Sy kin wol jonger fan geast wêze as ien fan tweintich. … Read more
In jonkje mei sûker
“Jou my mar mar in jonkje.” seit myn broer. “Ja, my ek mar.” seit de oare. It is tradysje by ùs dat de manlju in jonkje mei sûker krije. Dy wizânsje ha se fan ùs heit oernaam. Moarns om elf en middeis om fiif oere en nèt mear dan twa. Doe`t se wurken nèt fansels. … Read more
Trijehûndert X
Trijehûndert stikjes. Stikjes oer ferskate underwurpen. Skriuwsels sa as ik my op dat stuit fielde. Gefoelens fan ûnwennigens, fertriet, leafde, lilkens en blidens… se kamen allegear foarby. It is myn utlitklep wurden. It hat my skerper en opmerksummer makke. De eagen en de earen iepen, dat ha ik my yn de rin fan de tiid … Read more
Yngenieur
“Heeft u een overall voor mij?“ Der stiet in kreas ùtsjent jongfeint foar my. Er is wat oan dizze jonge wat myn oandacht lûkt. Hy praat keurich ABN. Wylts ik him help besiikje ik temûk te witten te kommen wêrom hy in overall nedich hat. Jo soene earder sizze, hy moat in sjiek pak ha … Read more
Stazjêre
“Neem me niet kwalijk…” seit se. We sitte by de hûsdokter mar it is nèt ùs dokter. “Ik ben de vervanger. Uw eigen arts is verhinderd.“ In aerdich jong frommeske komt ùs temjitte. Myn man hat noch altiid lèst fan syn hûdùtslach. We binne al seis moanne oan it dokterjen. Somtiden is hy gek ferlegen fan … Read more
Bijke de Stabij
“Smakket it wat?” freget ùs mem oan Bijke. Hy slikket him om de bek as hie hy noch noait sa lekker iten. Seis kear yn de wike wurd har it iten brocht. Yn ùs doarp ha se Tafeltje-dek-je. It is in hiele organisaasje mei in protte frijwilligers. Minsken dy allinnich wenje -jong as âld- komme … Read more