Emoasjes 2

As ik de griene container by de dyk set hear ik myn namme roppen. En ek noch wol by myn foarnamme wat altiid ‘Buorfrou!‘ is. Mar it klinkt sa bliidhertich dat ik  stean bliuw .

In buorjonge komt tige optein my temjitte. Syn freondinne is yn ferwachting en fan it ôf  it iere begjin wurde wy op ‘e hichte hâlden. “It is èk noch in famke.” seit er; “En dat woe ik  graach.

En is alles goed mei de poppe?” freegje ik. “Ja hear. wy hawwe oan beide kanten fan de femylje gjin ôfwikingsAllinne in broer fan myn heit hat in hazzelippe mar dat wie èk goed.”

Hy jout my spontaanwei in tùt. “Oer in pear wike wurd er in 3D scan makke. Dan krije wy har yn kleur te sjen. “Is soks èk djûr?” freegje ik oerstallich.

“Och, nè mar san tachtich euro.” seit er. Hy laket yngelokkich en dèr kin net ien wat tsjin ynbringe. Hy sil ùs op ‘e hichte hâlde en hat ùs in 3D filmke ûnthjitten.

Wêrom bin ik nò sa emoasjeneel? Tutte dy ik bin!

LÊS EK:  In bliid minskebern
>