Emoasjes 1

troch Posted on 2 Comments 1 min read 534 views

"Wèr sjochst nei?" freegje ik myn man.

Hy sit nei in programma te sjen wer`t hy emosjoneel fan wurd. Mei in grutte bûsdoek faget hy stikem oer syn gesicht en hoastjet oerdreaun. Ik mei foarâl nèt sjen dat hy oandien is.

"Frjemd." tink ik by my sels. Dat ùs generaasje der san muoite mei hat. Wy binne opbrocht mei it idee lit foaral nèt blike das stò in swak momint haste. Want wat in keardel gûlt nèt.

Ik ha es in foarsitter mei makke dy mits de fergadering syn emoasjes nèt mear de baas koe. It greep ùs sa oan dat in doaze papieren bûsdoekjes nèt genoch wie. Mar wat ha wy in goeie jûn hân. Ik ha nea wer san gearkomste meimakke.

Wêrom is gûlen taboe en laitsjen nèt? Dat binne dochs èk emoasjes? Ik ha ùs soanen by brocht; smyt it er mar ùt wat jimme dwers sit. It  moed romje, dèr knapst fan op. Mar as se dat èk doche? 

Wylts hear ik him ferskuorrend laitsjen. Sa hoecht it nò ek nèt fansels. Der binne grinzen.

As nèt soms?

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest
2 Comments
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments

enrico lommerte

Beste Wokke, Het Fries is zo een mooie taal, lijkt in de verte een beetje op het Afrikaans, waar ik wel eens in dicht... Ik heb een vraag aan jou... Zeg je JA leuk, is dit perfect! Zeg je NEE dank je, even goede vrienden! Ik ben al lang op zoek naar iemand die mijn werken in het Fries wil vertalen en zo ben ik hier terecht gekomen... Ben jij genegen mijn site eens te doorlopen, kijken of het je aanspreekt en eventueel werken van mij te vertalen in het Fries? Ik hoop met grote hoop:-) bedankt voor je moeite alvast!!… Lês mear »

Previous
Foarljochting

2
0
Would love your thoughts, please comment.x
()
x