Loslitte

“No ha wy noch neat fan dy jonge heard.” seit myn man. “Dat kin ek noch net.” sis ik; “Hy is juster pas fuort gong.” “Ja mar,” seit er; “hy hie wol efkes melde kinnen dat er oankaam wie. Hy fleant gelokkich mei de KLM, dy is wol aerdich betrouber. Der komme hjoeddedei sa folle nei ûnderen.” [Lês mear »]

Hoe no fierder?

Hoe no fierder? Nei al dy dagen fan oarlochsbetinkings en befrijingsfeesten bliuw ik mei in leech gefoel achter. Gefoelens dy oer elkoar hinne rôlje. Mei al dy ferhalen fan minsken dy de ferskriklikste dingen meimakke hawwe, moat ik de oare deis al wer oan `e Oranjekoeke en de Oranjebitter. Ik wit net hoe jimme der [Lês mear »]

Ienmansferset

Mids de oarloch, it sil it jier 1943 west hawwe, rinne twa famkes nei skoalle. De iene wat âlder as de oare. Se hawwe elk twa grutte oranje strikken yn `t hier want it is Keninginnedei. Master stiet al yn`e doar, hja binne de lêsten fan de rigele. Mar dizze moarn is oars as oars: [Lês mear »]

Ùtjouwer

“Je moet de verhaaltjes van je blog laten inbinden.” seit myn neef. Hij wennet yn Hollân en hat muoite mei it Frysk lêzen. Mar dochs slacht hy gjin stikje oer. Syn heit wie in Fries en dat lûkt dochs. Ek syn suster dy yn België wennet is in trouwe folger. “Je kunt het ook in eigen [Lês mear »]

Soene wy immen yn `e hûs nimme wolle?

Untitled-2

Dizze fraach waard yn de media stelt.

We hawwe it oer de hûnderden flechtelingen dy `t  ùs lân oerstreame. We kinne de ferskriklike bylden en sjogge der dei yn dei ùt nei. It wurd al gewoante, it heard by it deistige nijs sa as by it waar en wat docht de rinte.

We binne der allegearre mei oan, selfs de polityk. It giet sels safier dat it regear hjir mooglik om fâlle kin.

Myn pake en beppe hiene in grutte hushâlding mar namen er twa pleechbern by. Wêrom koe it doe wol en no nèt, freegje ik my ôf. Immen sei: “As eltse Nederlânner no es ien yn `e hûs naam dan wie it probleem oplost.”

“Soe sto wol op `e bank sliepe wolle en ik op in stretcher ?” freegje ik myn man; “dan kin er in flechteling op ùs bedDat moat dochs mooglik wêze.” Hy sjocht my oan as doogde ik net.

 Myn ferstân en myn gewisse hawwe it dreech …

Soene wy immen yn `e hûs nimme wolle?

Read more

Freonskip

“Mijn moeder is gisteravond overleden.” mailt se my. Ik lês it noch es en noch es. “Dat kin net.” sis ik. Ik kin har wol in heale ieu. Se kaam ùt Denemarken en hie har takomstige man troffen yn Kopenhagen. Hy wie sèman en sy sekretaresse op in grut kantoar. En as syn skip it Deenskelân oan [Lês mear »]

Previntyf

Mei in helsk leven giet de doarbelle oer. Foar my stiet in grutte gespierde kleure man. Hy stekt syn hân nei my ùt en seit; “Ik ben Jan Jansen.” en lit syn ID kaartsje sjen. Hy laket my oan fan ear ta ear. Ik doch de doar in bytsje tichter, jo binne hjoeddedei wat hoedener [Lês mear »]

Peaske komt er oan

Peaske is foar my altiid wer it feest fan hoop en nij libben. De natûr ûntwrakselt him ùt de winterse klaaiing en docht de simmer pronk oan. De fûgels wrotte hun ùt de naden fan moarnsier oant jûns let om alles op ‘e tiid klear te krijen. It ljocht en it tsjuster hawwe rûzje oer [Lês mear »]

>