Ienmansferset

troch Posted on 4 Comments 1 min read 677 views

Naamloos-1Mids de oarloch, it sil it jier 1943 west hawwe, rinne twa famkes nei skoalle. De iene wat âlder as de oare.

Se hawwe elk twa grutte oranje strikken yn `t hier want it is Keninginnedei. Master stiet al yn`e doar, hja binne de lêsten fan de rigele.

Mar dizze moarn is oars as oars: we moatte beide mei komme.

Der stiet in fremde man by de master. Hy hat in grutte swarte hoed op en in swart pak oan. Hy seit dat it haad de oranje strikken ùt it hier fan de famkes helje moat. Mar dat wegeret er.

"Ik kom net oan `e bern." seit er en stjoert ùs nei hûs ta.

Mar ùs mem is net foar ien gat te fangen. Se docht ùs swarte strikken yn it hier. "De kleur fan de rou." seit se.

Sa komme wy efkes letter wer op skoalle. Wy moatte wer by de master komme, de fremde man sit er noch en stiet er op dat master de strikken ùt it hier hellet. Dy wegeret dat en stjoerd ùs wer nei hûs.

Thus kommende docht ùs mem wiete strikken yn it hier: de kleur fan de oerjefte. Ek dy moasten der ùt.

Myn suster en ik krigen dy dei frij...

Ienmansferset. Hoe folle diene dat net op eigen man en boet?

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest
4 Comments
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments

trackback

[…] Lês fierder by Tiden hawwe tiden […]

Appelvrouw

Wat n bijzonder verhaal, Wokke. Dappere eenmans verzetshelden.

Alexandra Maas

Jo mem wie in heldinne, op har eigene wiize!

Previous
Ùtjouwer

4
0
Would love your thoughts, please comment.x
()
x