Gurbe Flappie, It Orizjineel

Al dagen hie ùs heit it er oer; wy soene mei de krystdagen wat bysûnders ite.

Wat krije we dan?” frege  ik. “Dat sjochst wol.” sei er unfersteurber.

By ùs mem kaam ik ek neat te witten. Se hie al dagen in skûteldoek yn `t hok hingjen mei in panne der ûnder. Dat wurdt “Jan yn ‘e Pûde“, dat wist ik wol. Wat efterbleaun fan de sûpe waard in neigesetsje in soart fan kwark mei beisop.

De tafel wie feestlik fersierd mei beppe har lekken dy`t se noch lizzen hie.

Einlik gong ùs heit oerein en kaam efkes letter triomfantlik de keamer yn.
Hy begon te snijen mei in grut mes wat er altyd by him droech.

Wat is dat foar bist?” frege ik mistrouwend.

Dat is Gurbe.” sei er. “Hy hie nò it goeie gewicht.”

Ik moat kokhalzje en stoarmje oerstjoer de keamer ùt.

Gurbe‘. Wert ik it hiele jier op past hie. Alle dagen syn hok skjin makke hie en middeis nei skoaltiid sochten wy tegearre knineblêdden.

Gurbe wist alles fan my. Ik fertelde him myn famkesdingen dy ik oan nimmen ea sizze soe.

Der hat nea wer in ‘Gurbe‘ west …

Ach… Krysttiid 1944.

Read more

Beakens

Wat soe ik sûnder myn soannen moatte? Ik bin net de allerjongste mear. De tiid hat my al aardich yn helle. Foaral de technyk ha ik de hannen fol oan. Dochs wol ik lyk opgean mei de jeugd want ik bin net unnoazel, fyn ik sels. De iene soan is foar de technyk en de [Lês mear »]

Skûtelwaskje

Der stean ik wer foar it oanrjocht te griemen. Wat ha ik dochs in glandige hekel oan skûtelwaskjen. Pantsje foar pantsje. Kopke foar kopke. Fan de iene hân nei de oare. En dan it gegriem mei teeleppeltsjes, ien foar ien ofdroegje. Dochs is it wol nijsgjirrich betink ik my. Se komme oeral wei, troch ùs [Lês mear »]

De hammer

“Sille wy begjinne?” ropt de foarsitster lûd. Se is ferkâlden en dertroch tige heas. It gerûs om har hinne wurd earder lûder dan suniger, se kin er nèt boppe ùt komme. Mei fikse klappen slacht se mei de foarsittershammer op de tafel foar har. Ik bin biologearre troch dy hammer. Hy is fan prachtich nutenhout mei [Lês mear »]

Ûnrêst

“Hast it hjir alwer feroare?” seit in goed kunde en sjocht meunsterjend om har hinne. Guon freonen sizze al neat mear. Dy witte fan myn ûnrêst. Ik ha in kwaal; as it meubilêr langer as in moanne op it selde plak stiet moat it oars. As bern hie ik it al. As de famylje him klear [Lês mear »]

>