Gjioeie, Mem!

troch Posted on 1 Comment 0 min read 145 views

Denderen-Ad-van-2000-02_Spanje-Punta-Paloma-1918x1220

“Gjioeie, mem!” ropt er. Ik sjoch om. “Gjioeie, mem!” ropt er noch es.

In jonge fan om en de by de tweintich giet foar my stean. It is dùdlik in bûtelanner, hy hat in ynnimmend gesicht.

Goeie.” sis ik; “En net gjioeie en ik bin ek dyn mem nèt.

“Ik op Friese les.” seit er grutsk. Ik jou him in komplimint mar sis: “Kinst better earst Nederlânsk leare. Der kinst fierder mei komme.“Ik woon hier.” seit er; “En dan wil ik taal leren.”

Ik winskje him sukses en we jouwe inoar de hân.

Letter op `e dei stean ik foar de kassa yn in lange rige; it is drok.

It is ommers gau Sinteklaas.

Foar my stiet in âldere man, hy moat betelje mar wit net hoe as it moat. Hy begrypt net wat de kasjêre bedoeld.

It is dùdlik in flechteling, kin de taal net en wit noch net mei it pinkoade kaartsje om te gean.

Nei dat er betelle hat wol der fuort rinne mar ferjit it kaartsje ùt it apparaat te heljen.

Hjir,” sis ik; “tink er om; altyd by dy hâlde.

Djip respekt ha ik foar dizze lju dy alles efterlitte moatte om yn in poer frjemd lân hja libben wer op te pakken.

“Gjioeie, mem.”

  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  

Jou in reaksje:

  Abonnearje  
Nijste Âldste
Notify of
trackback

[…] Lês fierder by Tiden hawwe tiden […]

Previous
Skûtelwaskje

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien