Unbegryp

Gesellich de allesbaander oan en oerâl steane kearsen. De trije hûnen ha de waarmte fan de kachel opsocht. Twa katten ha it hegeropsocht, de oare trije fine it bûten nofliker. Gerrit, de pony, leunt tsjin de hikke oan en fernuvert him mei in baal hea. De beide Hingelbûkbargen gnoarje yn de fierte. “Gesellich.” tink ik [Lês mear »]

Weromsjen

Mei in bernewein sûnder kape rydt in mem mei in lyts famke troch it doarp. De boaiem wie der ùthelle. Sa koene der twa bern yn sitte. It famke wie de jongste fan fjouwer en blier as altyd. De mem moast dan ek om it hurtsje stean bliuwe. It famke waakse op yn feilige omkriten. [Lês mear »]

Uniens

“Wêrom net yn it Frysk?” freegje ik. We sitte wer es byinoar om in stik as wat jierdeis te fieren. Omdat wy meielkoar âlder wurde smite wy de jierdeis op in bult. En ik moat sizze; it binne geselliche dagen. En as de kofje en de Oranjekoeke oan kant is komt de borrel op tafel. En [Lês mear »]

Itensbank

Justerjûn ha wy in sprekker hân oer de itensbank fan It Hearrenfean. Mei byld en ùtlis ferhelle in enthousiast bestjoerslid oer it wurk fan de itensbank. Djippe bewûndering ha ik krige foar dy tritich frijwilligers dy ‘t elke wike mar wer de pakketten rè meitsje. Yn 2008 binne se begong mei 8 pakketten en dat is [Lês mear »]

Stellerij

Mei grutte swaailjochten wurd ùs fersocht om te stopjen. We steane foar in krùspunt efkes bûten it sintrum. De hiele omkrite is ôfset troch plysjes yn oranje unifoarmen. It is mienens sa te sjen. Oeral stean auto`s ùt alle rjochtingen. “Drankkontrôle. Hast nèt dronken wol?” freegje ik him yn ‘e gauwichheid . “Ik drink noait.“ seit er; “As ik ride [Lês mear »]

Omtinken

It is moandeitemoarn. Ik bin betiid op wei nei de superwinkel. It is drok. Hja hawwe allegearre it selde tocht, tink ik. Mei in grutte karre fol boadskippen stean ik yn in lange rij. Alle seis kassa`s binne beset dus bliuw ik mar stean. Wêrom sil ik feroarje fan plak?  No ik dochs wachtsje moat [Lês mear »]

Weemoed

Wat weemoedich rin ik mei Max de lêste rit foar de nacht. Oeral binne de hûzen ferljochte want de Kryst komt er oan. Leauwige as onleauwige, we dogge allegearre mei oan de gekte fan it ljocht. It iene hûs is mear ferljochte as it oare. It falt my op dat er dit jier mear fersiert [Lês mear »]

>