Op stap

Flechtigens en driuwerij

trochPosted on 1 Comment1min read1268 views

old_man_walking_with__a_hcIk skriuw in stikje foar tidenhawwetiden.nl oer flechtigens en driuwerij. Mei in protte ynspanning meitsje ik myn stikjes, somstiden wurde se lêzen en soms net.

Flechtich is alles wurden. Ien dei yn it nijs en dan is it skiednisGrutte rampen meitsje yndruk en binne oer in skofke wer fergetten.

Wat is dat dochs hjoed de dei dat alles sa flechtich wurden is? En litte wy it dan es oer de driuwerichheid hawwe fan hjoeddedei.

Alles giet yn rap tempo as jo foar de kassa stean en net al te hastich binne is er argewaasje. Praat my net oer it ferkear, der is in protte driuwerichheid. Rekken hâlde mei in oar komt net sa faak mear foar.

Mar der binne ùtsûnderingen. Hjoed haw ik de proef op `e op som naam.

Wy wenje by in rotonde en moatte in drokke dyk oer. De iene kear ha ik in rollater mei,  letter in stok en dernei moast de hûn mei. En alle kearen stoppe it ferkear. Mei in protte oerdreaunens betankje ik de sjaufeurs. De helpmiddels rollater en stok kinne wer oprêdden, dy binne net mear nedich.

It is foar my in goeie les wurden en it betrouwen yn minsken is wêrom.

Mar flechtigens en driuwerij, dat is de tiid en wy âldere minsken moatte mei dwaan wolle as nèt.

Oanpasse dus en net eamelje!

Boarnsigge

trochPosted on 0 Comments1min read1136 views

boatJierren allyn kochten wy in boat ùt in faillissement. De boat wie brûkt as sleepvlet op de Westerschelde.

Hy wie inketswart en seach er net ùt. Mei hielle grutte giele letters stie er op “Prins Wannes de Tweede“, neamd nei in carnavals prins.

En sa kamen wy oanfaren yn it plak wer`t wy wennen. Rûnom stiene minske op de wâl hun kommentaar te jaan. Al ridlik gau hiene wy in namme foar him. De  “Boarnsigge”  Myn man ek ik binne beide berne oan de igge fan de “Boarn“.

Folle reizen hawwe mei it skip makke. Faaks wie Denemarken it doel fan de reis. We hawwe fan alles op dy reizen belibbe. In kear hast troch lekkerij mei skip en al nei de djipte. Mar ek de Eastdùtske marine achter ùs oan, hja fertrouwden it net.

Undanks de drokke gystene tiid fan in eigen ûndernimming hawwe prachtige jierren fan ûntspanning hân. Wy wiene dan wer as hùshâlding byinoar.

Prachtige oantinkens dy net ien ùs ôfnimme kin.

Prins Wannes de Tweede “as de “Boarnsigge“; tige tank foar al dy jierren dat jimme ùs feilig thus brocht hawwe.

boarnsigge-bewerkt

Europeeske ferkiezings

trochPosted on 0 Comments1min read1036 views

Untitled-1Wol Mem foar my stimme?” freget de soan. “Op welke partij? freegje ik.

Ik ha al in partij foar him yn `e holle. Mar it is in hiele oare wer `t ik it net mei iens bin. Mar ik ha myn wurd joen en dus ik sil stimme op in partij die my nèt leit.

Wêr stimst sto op?” freegje ik myn man. Mar eiglik wit ik sa wol sûnder te freegjen. En der bin ik it al hielendal net mei iens. Ik hâld my wiislik stil. Wêrom sil jo heibel meitsje?

Moarn stimme.“sis ik tsjin in freondinne; “Welke partij liket dy it beste?”

Fansels de bistepartij.” seit se; “Hoe de bargen ferfiert wurde nei it bûtelân is skandalich. En dan noch dy plofhinnen, dat is dochs ferskrikkelik?

En ik dan? Ik slaan it oer. Ik ha der gjin belang mear by.

“Mar dan moast net eamelje oer Europa syn hannel en wannel. seit de man. Dus gean ik. Mar wer moat ik op stimme?

Ik hâld fan minsken, fan bisten en ha myn prinsipes; welke partij hat dat allegearre?

Stimme sil ik. Mar wer op?

Identiteit

trochPosted on 0 Comments1min read1103 views

Untitled-1Jo identiteitsbewiis is ferrûn.” lit de gemeente myn man witte.

Ik hoech gjin nije.” seit er; “Wer ha ik him foar nedich? Foar it sikenhûs en de bank ha ik al in bewiis. It kostet allinne mar jild. 

En sa skinke wy der gjin oandacht oan. Oant de stembiljetten foar de Europeeske ferkiezingen op `e moatte falle.  “As sto stimme wolste dan moast dy indentifisearje kinne.” sis ik.

Omdat hy perfoarst stimme wol steane wy efkes letter foar de baalje. Mar dat giet sa mar net; wy moatte earst in ôfspraak meitsje.

In wike letter steane wy wer by it selfde frommeske. Kreas oerhandigje ik de nedige paperassen ynklusyf in goed lykjende pasfoto. “Dizze foto is nèt goed.” seit se; “Jimme moatte in nye meitsje litte. De ôfmjittingen doge net.

En sa sitte wy efkes letter by de fotograaf. “U moet een beetje lachen.” seit se. “Wêrom? seit er; “D’r is neat te laitsjen.” “Toe maar. seit se; “Een klein glimlachje maar. De mond dicht en het hoofd een beetje schuin.

Efkes letter stean wy wer by it frommeske fan de baalje. It is ynoarder. Allinne noch in nije ôfspraak meitsje om it persoanlik op te heljen.

Wurrich en mei in lege ponge komme we thus.

“No, bin ik al 85 jier in fries en no wurd er noch oan my twifele.” seit er ferûngelike. En dat allegearre foar Europa …

Bliid gefoel

trochPosted on 2 Comments1min read1090 views

Untitled-1“Giet it wat?” freegje ik it âlde wyfke.

We sitte yn `e taksje op wei nei de hûsdokter. Myn man moat in hoarapparaat ha mar earst moatte syn earen ùtspuite wurde.

“Ik hie it al in kear as wat sein mar it lei him oan myn utspraak fansels. Wy geane earst nei in fersoargingshûs, der moatte mear lju mei want oars kin de rit net ùt.

Mei in protte geheister sit se neist my. De rollater tusken ùs yn en it taske op è skoat. “Ik moat nei in kremaasje.” seit se. “Al wer ien dea. Ik bliuw allinnich oer.”

“Witte  jo hoe âld ik bin? freget se. “Nò, sis ik; “krekt A.O.W? Se begjint te laitsjen.  “Miene jo dat? Ik bin achtenjoggentich, hear! 

We sette har ôf. In yndysk frommeske op leeftyd komt neist my sitten. “Zet mij maar af bij de Lidl. Haal je mij weer even op?” freget se. De sjaufeur knikt.

Op de wêromreis komt se ôfladen mei boadskippen yn de taksje. “Sa kin it dus ek.” sis ik tsjin de jongeman. “Ach, seit er; “se hat krekt har man ferlen en no help ik har mar wat.

Mei in bliid gefoel stap ik yn `e hûs. It bestiet dus noch: omtinkens.

Moast nèt sa balte.” seit er; “Ik hear dy wol, hear!

Betinke en Fiere

trochPosted on 1 Comment1min read1379 views
Verzetsraam
Betinkraam yn de N.H. tsjerke te Aldeboarn

Elts jier komt it wêrom. Fjouwer Maaie, de flagge healstok en fjouwerentweintich oeren letter wappert er wer fol ùt.

Ik ha der altyd wat muoite mei hân. Dat komt miskyn dat ik der by west ha as bern.

De marsjerende ferpaupere Dùtsers dy net mear songen, wat ik altyd sa moai fûn. De brêgen dy yn ùs doarp ferniele waarden. De minsken dy yn in aparte stimming wiene. De iene wie deabenauwd en de oare wie yn in jûchhei stimming.

En der skarrele ik tusken troch. Wat fansels strang ferbean wie. Mar wa bleun no thùs as it sa spannend waard?

De oare deis rollen de tanks mei de befrijers troch it doarp. In soldaat hise my op de tank en sa riid ik keninklik troch de grutte kliber minsken. Mei bebloede fuotten kaam ik thus. De klompen mei de kramme kappen wiene weiwurden.

Ùs heit wie yn alle steaten want syn dochter kaam thus mei sloffen sigaretten en foar ùs allegearre sûkelarje.

Betinke en Fiere. Ik sil it beide mei ynmoed dwaan.

Byldzjend

trochPosted on 0 Comments1min read1023 views

giphyByldzjend ferhellet de dochter oer ha mem. Ik bin op de begraffenis fan in frou op jierren, net sa tryst dus.

Mar foar de bern is it altyd dreech om ôfskie te nimmen fan immen dy`t jo jo libben lang kinnen hawwe.

Wat my rekke wie de taspraak fan de dochter. Hja helle oantinkens op mar se dy dat yn bylden. Net mei in beamer as soks sa as it hjoeddedei moade wurd. Se die dat yn bylzjende taal.

Se nimt ùs mei oan`e hân troch it libben fan har mem. Se ferhellet oer tiden fan fertriet, earmoede mar ek fan in protte lok. Sa no en dan klinkt er troch de romte ynstimmend gemompel as bolderjend laitsjen.

Yn in hoartsje fan tiid geane wy meielkoar troch in minskelibben.

Dag, mem.” seit se en strike oer de kiste.

As ienichste bliuw ik achter. Foar my is it byld noch net ôf.

Unbegryp

trochPosted on 3 Comments1min read1196 views

Untitled-1Gesellich de allesbaander oan en oerâl steane kearsen. De trije hûnen ha de waarmte fan de kachel opsocht. Twa katten ha it hegeropsocht, de oare trije fine it bûten nofliker. Gerrit, de pony, leunt tsjin de hikke oan en fernuvert him mei in baal hea. De beide Hingelbûkbargen gnoarje yn de fierte.

Gesellich.” tink ik en skow wat tichter by de kachel. It it is wol maityd mar dochs noch huverich.  

Se is hjoed jierdei, tegearre sitte wy oan de kofje en de Oranjekoeke. It petear giet oer deistiche beslommerings.

 Mar dan ynienen wurd de sfear oas.

It praat komt op de nije suvelyndustry dy yn oanbouw is; twa Fryske en ien Sjineeske. “Dat levert wol tûzend banen op!” sis ik entûsjast.

Mar ynienen barst se los; “Dat gaat ten koste van dieren en de natuur.” ropt se; “Neem nou die boeren. Die willen nog meer vee, meer stallen, groter en groter moet het allemaal. En waar moet die mest heen? Ze zitten nu al met enorme overschotten.

“Mar it jout wol wurkgelegenheid. Dat is goed foar Fryslân.” besykje ik noch. We wurde it net iens. Sy hâldt op it wolwêzen fan bist en natûr. En ik sjoch nei ùs ekonomyske belangen.

En sa gean wy ùtelkoar. Spitich dat it sa rûn is.

Unbegryp. We hawwe beide gelyk. Tink ik.

Weromsjen

trochPosted on 0 Comments1min read1112 views

lytse_memmeminskecMei in bernewein sûnder kape rydt in mem mei in lyts famke troch it doarp. De boaiem wie der ùthelle. Sa koene der twa bern yn sitte.

It famke wie de jongste fan fjouwer en blier as altyd. De mem moast dan ek om it hurtsje stean bliuwe. It famke waakse op yn feilige omkriten.

It wie in tiid dat alles san bytsje fêst lei. Heit fêst wurk en Mem soarge foar oarder yn it deistige bestean. Sneins nei de preek en troch de wike nei skoalle. It wie in  soargeleaze tiid mei in protte wille en fertier. Doe kaam de oarloch en alles waard oars. Heit gong yn it ferset en mem moast sjen rûn te kommen mei iten dat op de bon wie.

Nei de hushâldskoalle kaam se op in naaiatelier te lânne. En der moete se har grutte leafde. It wie in tiid fan grutte maatschippelike ferhâldings net elkenien koe dizze relaasje wurdearje.  Maklik wie it somstiden net mar as it dreech waard koe de iene de oare der troch skuorre.

Dat lytse famke fan de bernewein sûnder kape kin tefreden weromsjen.

Weromsjen is nedich om foarùt te sjen.

Uniens

trochPosted on 1 Comment1min read1310 views

Untitled-1“Wêrom net yn it Frysk?” freegje ik. We sitte wer es byinoar om in stik as wat jierdeis te fieren.

Omdat wy meielkoar âlder wurde smite wy de jierdeis op in bult. En ik moat sizze; it binne geselliche dagen. En as de kofje en de Oranjekoeke oan kant is komt de borrel op tafel. En net allinne de borrel mar ek de diskusjes. Se geane oer polityk, kwalen, krupsjes en rabberij .

Wêrom net yn it frysk?” rop ik lûd om der tusken te kommen. Ik ha in bertekaartsje yn ‘e hân fan ien fan myn nichten.

“It is dochs in moai kaartsje?” seit myn suster dalik yn de ferdediging. “Prachtich,” sis ik; “mar it wie noch moaier as it yn it Frysk west hie.” “Ik bin net sa Frysk. seit se en priuwket fan har advokaatsje.

In broer dy oan ‘e Beerenburg sit falt har by, de oaren hâlde har wiislik stil. Mar dan binne sy by my oan it ferkearde adres. As ik earne achter stean dan is er gjin hâlden oan. “Jonges,” sis ik; “jimme kinne dement wurde as Alzheimer krije mar dan kinne jimme my allinnich begripe en ferstean.

“Nò, dat sil noch wat wurde,” seit myn broer; “der sjoch ik nò al nei ùt.” 

Uniens? Wolnè, it liket mar sa.