Tentoanstelling

“Hast ek noch in fergeesreizgjen kaartsje?” freget myn freon. Wy hawwe beide in abonnemint fan it spoor. “Der is in ymposante tentoanstelling yn de Nieuwe Kerk yn Amsterdam. De titel is ‘Jodendom, een wereld vol verhalen‘.” En sa sitte wy yn de trein nei Amsterdam. Hy hat de tas mei broadsjes en ik de kofje. Want sok [Lês mear »]

Peaskefjoer

“Kom je op mijn verjaardag?” freget myn freondinne; “Wy gaan een enorme berg hout opstoken.“ As rasechte Amsterdammers ha sy hun hjir ta wenjen set. Se kochten in ùtsloere pleats en mei  ûneindich geduld ha sy oan it ferbouwen west. En noch  is it net klear. Yntiid is har man ferstoarn mar sy giet stiif [Lês mear »]

Yndentitiidskaart

Fan myn boargerlike gemeente krige ik skriuwen dat ik in nije yndentietiidskaart oan freechje moast. Dat wie geskikt fan hun. Ik hie der net oan tocht. Sa stean ik de oare deis foar it loket. Earst in nûmerke lûke, der is gjin kop te bekennen. Nûmer sânhûnderd stiet op myn briefke. “Wer soene dy 699 weze?” [Lês mear »]

High Tech

“Wat hast in moaie brommer.“, sis ik tsjin it famke. Flak foar myn fuotten bliuwd se stean.”It is in scooter, hear.“, laket se. “O,” sis ik; “alles is by my in brommer. Mar wat in moai ding. Wat is hy fleurich yn `e ferve.” “Ja,” seit se; “ik ha der hiel wat foar ôfwrotte moatten.“ [Lês mear »]

Ynbrekkers

Twa jonges mei in bûtelânsk ùterlik en in hiele grutte hûn komme ùs te mjitte. Max skrikt him wezenleas en wol wèrom. De jonges komme op ùs ôf en sizze freonlik; “Hij doet niets, mevrouw. Hij dreigt alleen maar. Wij hebben hem als waakhond aangeschaft want wij hebben een nachtelijk beroep.” Op myn fraach wat hun berop [Lês mear »]

Moarnsbrogge

“Ga je morgen mee naar Ikea? Als wij vroeg zijn kunnen we ontbijten voor één euro.”, seit myn freondin. En sa gean wy ier en betiid mei in roppich gefoel yn ‘e mage nei Grins. Myn man sei noch; “Moatte jimme earst net wat ite?” “Nè, wy wolle brea ite foar ien euro.“ En sa [Lês mear »]

Boete

De earste boete is binnen. Ik sei al tsjin myn man: “Doch nò fersichtich oan. Foar dast it wist hast in boete oan de broeksbokse hingjen.” Sûnt in pear dagen hat hy in rollater. En troch dat hy de pest oan san ding hat, hat hy him opfierd. Freegje my net hoe, der ha ik [Lês mear »]

Stavering

“Hoe fynst myn ferslach foar it tsjerkeblèd?“, freegje ik myn freon. Hy hat jierren Fryske les jûn en wit alles fan de nijste stavering. Somtiden sms ik him: “Wist sto hoe ik dat wurd skriuwe moat?“ Mar nò sit ik by him oan de kofje. It is altiid gesellich. Wy prate dan oeral oer. De [Lês mear »]

De koer

Max en ik bringe  in berg âld papier nei de container. Dat doche wy geregeld. Neist de papiercontainer stean noch twa  fan dy dingen; de iene foar flessen en de oare foar klean. En dat is it him nò. Min set er fan alles del. Yn de jûntiid ferhùzje en dan yn it tsjuster de [Lês mear »]

Bomans & Bosshardt

De telefoan giet. ‘Godfried’ freget as de ‘Majoor’ al oansprekber is. Elke moarndeitemoarn moatte wy by prate. Godfried Bomans en Majoor Bosshardt. Jierren allyn ha ik twa unyke jonges kinnen leard. De iene in rasechte Amsterdammer en de oare in Fryske jonge fan it platte lân. It wie osa wennen foar de Amsterdammer; hy miste syn [Lês mear »]

>