Bomans & Bosshardt

De telefoan giet. ‘Godfried’ freget as de ‘Majoor’ al oansprekber is. Elke moarndeitemoarn moatte wy by prate. Godfried Bomans en Majoor Bosshardt.

Jierren allyn ha ik twa unyke jonges kinnen leard. De iene in rasechte Amsterdammer en de oare in Fryske jonge fan it platte lân. It wie osa wennen foar de Amsterdammer; hy miste syn femylje mar ek de sted. Yn dy tiid rekken wy yn ‘e kunde. It  klikte foart en daliks. Wy waarden freonen foar it libben.

Foaral de Amsterdammer;  hy wie de âlste fan in hushâlding fan tolve bern. Oeren oan ien koe hy fertelle oer syn bruorren en susters. Hy koe fan alles. It wie in tûzendpoat: kapper, kok en kroegbaas mar altiid eigen baas. Wy hawwe tegearre gûlt mar ek hiel wat ôflake. Alles koene wy oanelkoar kwyt. Wat wy ek bepraten; it bleun under ùs. Sneontemiddeis. Fèste tiid. Dan waard op my rekkene, de hapkes en de drankjes stienen klear en dat jierren oan ien. 

Samar yn ienen, troch in hertoanfal, wie hy der net mear. 

Nea sil de telefoan wer gean foar Majoor Bosshardt en Godfried Bomans. ;-? 

 

One Comment on “Bomans & Bosshardt

  1. Pingback: Kammeraten « Tiden hawwe Tiden

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien