Moarnsbrogge

Ga je morgen mee naar Ikea? Als wij vroeg zijn kunnen we ontbijten voor één euro.”, seit myn freondin. En sa gean wy ier en betiid mei in roppich gefoel yn ‘e mage nei Grins. Myn man sei noch; “Moatte jimme earst net wat ite?” “Nè, wy wolle brea ite foar ien euro.

En sa sitte wy in skoft letter tusken studinten en allinnich steanden. Waarme broadsjes en hurd seande aien binne net oan te slepen. “De iene sjenearje him net foar de oare. In eigentiidse voedsel bank.” tink ik by myselsMar gesellich is it mei al dy minsken fan ferskate pluimage… der genietsje ik fan. Mar it doel is ynkeapen dwaan, fansels. Sy, de freondin, wennet op in boerespul en hat fan alles nedich. Wat moat ik hawwe? Ik ha alles al.

Myn eagen falle op in stel moaie boarden, suver om ‘e nocht. Dat komt goed ùt want ik ha in rommeltsje yn de kast. Boarden fan undùdlike komôf fan famylje fan eartiids. As wy it ein yn de bek ha en gjin tsien mear telle kinne gean wy nei hûs. De nije boarden wurde opburgen en de boarden fan beppe stean wer op ‘e tafel.

Mar de moarnsbrogge hie ik foar gjin goud misse wollen. 

8 Comments on “Moarnsbrogge

  1. Ik probeer het me voor te stellen. eten bij Ikea.
    Een keer in mijn leven ben ik er geweest. Ohnee, twee keer.
    De eerste keer, toen nog ook al slecht kon lopen, verdwaalde ik, kon de uitgang niet vinden. liep maar rondjes. En ben toen een poosje gaan slapen want ik was er moe van.
    De tweede keer was in de rolstoel, een hele fijne die ze daar verhuren. Ik wou hem wel stelen maar dat vonden ze niet goed.
    Maar eten, dat heb ik er nog nooit gedaan, op die rare hoge krukken!
    Ohja, en die borden. ManB kocht ze ook 4 van die hele grote platte dingen. Een keer afwassen en er was al een homp uit. Terwijl die prachtige Engelse borden van zijn rijke oma al 20 jaar in zijn kast staan, en daarvoor al wel 30 jaar bij zijn oma. Onverwoestbaar. Dat kun je van ikeaborden niet zeggen. Maar dat zal wel de bedoeling zijn, dat je ieder jaar nieuwe koopt. Maar als ik dan de afwas doe… zijn ze in een maand alweer kapot, zodat Oma B haar borden weer op tafel staan.

  2. Bûten de doar de moarnsbrogge ite kin ek by de hema foar ien euro. Ha ik lêsten mei myn freondinne dien. Wy stiene om njoggen oere yn’e rige, selsbetsjinning, allinne de kofje of tee diene de hemafamkes foar je. Dat sjitte net op omdat ien apparaat stikken wie. Mar doet we ien kear in plakje hiene oan in taffeltsje ha ik my de eachen útsjoen. Safolle minsken dy’t yn dat oerke (tusken 9 en 10) kamen te iten en de measten wiene al aardich op leeftiid! En omdat it maitiidsfakânsje wie in protte stellen mei de pake- en beppesizzers. Prachtich, dat diene wy net mei ús pake en beppe. Mar doe wie der ek noch gjin hema yn Drachten tink ik.

  3. ik yt eltse moarn in board brinta en dat hawwe se net by ikea!

  4. No, ik net, ik bin net sa`n útdijer haha. Jo meie gerêst oergean te dokjen hear;-)). In goed wykein en neie wike kom ik wer efkes del!

    • Dan ek mar gjin Jo mear oars stean ik sa fier fan jimme ôf! Ek in goed wykein, kom mar lâns de kofje is altiid farsk.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien