Ùtpûste

“Kom Max, wy sille de wrâldreizger fan de trein helje.” “Hoe komt dy jonge mei sa folle bagaage thùs?” freget myn man. “Wist wat,” sis ik; “myn boadskipweintsje sil ik strippe en dan is it in stekwein.“ En sa gean Max en ik nei de trein. Minsken sjogge my wat fremd oan. Wa stiet nò … Read more

Besikersoere

“Ik bin hjoed oerbeppe wurden!” ropt in âld minske; “Binne  jo ek al beppe?” Op myn nè noch net, giet se troch. Ik bin op besite by myn man. Hy is drok oan it oefenjen. In pear dagen allyn hat hy in nije knibbel krige. Stumperich rint hy stapke foar stapke mei twa stokken troch … Read more

Lego

In lyts jonkje sit op syn knibbels by in tafeltsje in hege toer te bouwen fan Lego. Yntins is hy der mei dwaande. Alles ferjit hy om him hinne. Wy sitte yn in grotfolle wachtkeamer fan it sikenhûs, Ofdieling Röntgen. Om ùs hinne sitte in soart minsken mei bonkebreuken. De iene hat de linkerearm yn ‘e … Read more

De Paraglider II

Mei in ôfgriiselike grutte rêchsek stiet hy midden yn de keamer. Ùs paraglider sil (wer) nei Afrika. Hy is in fanatyk fleaner. Al wiken fan tarieding binne foarby gong. In heal jier allyn hat er fleantickets bestelle. “Dat skeelt my hûnderden euro`s…“, seit er. Fan alles waard troch de besteltsjinst by ùs thus besoarge. Ûnwiis … Read more

Boadskipje

“Kin ik mei dy te boadskipjen fanne middei?“, freegje ik de soan. Hy is even thùs mei de auto en dan moat ik myn trekken waar nimme. Dat gesjouw mei dy swiere tassen èk. “Jawol.” seit er. It klinkt net sa entûsjast. Ik ha in suster mei fjouwer soanen en fjouwer skoandochters. Twa der fan … Read more

Wûnderbaarlikens

“Ik kom thus hear en ik nim noch wat minsken mei want dit fenomeen kinne se hjir net.” seit de dochter ùt Thailân; “Soarget mem foar de slieperij en iten?“ Myn freondinne en ik sitte tegearre oan de kofje. En kinne er net oer ùt: dy heisa om de Alvestèddetocht . “Wat wie dat eartiids … Read more

Poèzije

Der stean ik dan op it poadium yn café De Twa Gemeenten yn Jirnsum. Ik praat dan oer in foardrachtskriich sa as dat eartiids dien waard. Mei in kabaretselskip ùt Âldeboarn ûnder lieding  fan Jappie de Vos. Ien fan ùs song, in oare fertelde grappen en ik droech foar. Ik wie noch hiel jong, spoekbenaud … Read more

Hands reaching across borders

Ien kear yn it jier ha de Menisten in Broedersschapsdei. Jimme sille wol sizze: “Wat is dat?“ Oeral op de wrâld wurd dan oandacht bestege oan de doopsgezinden (Menisten). Op san dei komme wy byelkoar yn alle tsjerken oer de hiele wrâld en hawwe it selde programma. De selde bibelteksten mar ek de selde gebeden … Read more

Realistysk

Op de doarmatte falt in útnûging foar in tentoanstelling fan skilderkeunst. In freondinne fan ús is nei har fiifensechstichste begong te skilderjen. Fan ôf maart oant augustus eksposearret sy yn ‘De Deelen‘. Ik skilje har dat ik earst es lâns komme wol. Want ik bin in analfabeet op dat mêd. Ik mei de hiele samling fan … Read more

Tolerânsje

Ik sit yn in grot folle trein. De reizgers sitte hast by inoar op‘e skoat. Ferskate minsken ha noch in plakje fûn om te stean. Tsjin oer my sit in famke. Hja besiket in pizza út de doaze te plúzjen. Mar foar dat se begjint te iten docht se de hannen  gear. Der wurdt wat … Read more