It hearren en sjen fergiet je as de Pendule slacht. It is krekt as slacht de klok fan 'e toer ùt myn doarp. Myn man kin him der ôfgryslik oan steure. Sit hy nei it nys te sjen en troch al dat leven fan dy klok hat hy hiel wat wrâld ellende mist.
Mar ik ha wat mei dy Pendule. Myn heit en ik ha him yn de oarloch op de fiets ophelle. En betelle mei bûterbonnen. Ik wit it noch as de dei fan juster. De goudsmid en syn frou wiene foar de helt joods. Hja hiene honger en wiene dea benauwd. En as je lyts binne jowt dat grutte argewaasje.
En nò nei sântich jier hat hy noch nea foart west te meitsjen. Dan ha wy yn dy selde keamer noch twa klokken. De iene is in Regulateur en de oare klok is in Zaanske, erft fan in leave muoike. By de Regalateur is ek in ferhaal. Myn muoike ùtfanhûze as lyts famke by femylje. De hiele nacht hearde se klokken slaan. Doe `t sy de oare moans in kopke thè op bed kryge sei se: 'Wat ha jimme in klokken en allegearre ha sy in oare slach en in oar lûd.' 'Welke wost ha?', waart har frege, 'do moast him sûnder te sjen op it lûd ùtsykje.' En dat waar de Regelateur, se hat him jirren letter oan my neilitten. In neitins oan in dierber minske.
De Zaanske klok ha wy ek erft mar dat seit ùs net safolle. Wy binne mear fan de Fryske klokken. Klokken kinne jo net sa mar keapje; jo moatte der in bân mei krye. In klok moat in hert en skiednis ha...
Myn man moat mar in eartelefoan oanskaffe.
De klokken sille fan hun hearre litte fan slachte oant geslacht.
Oprjochte skamte
Oprjochte skamte
Oprjochte skamte